Provinsjale Steaten fan Fryslân

Dizze side giet oer de Provinsjale Steaten fan Fryslân, sjoch foar it haadartikel oer de Provinsjale Steaten: Provinsjale Steaten.

Wapen fan Fryslân

De Provinsjale Steaten fan Fryslân foarmje de folksfertsjintwurdigers fan de provinsje Fryslân. Dy folksfertsjinwurdiging is fêstige in it Provinsjehûs yn Ljouwert. Ek de oare provinsjes fan Nederlân hawwe sa’n folksried.

De haadtaak fan de Steaten is it kontrolearjen fan de Deputearre Steaten fan Fryslân, dy't it deistich bestjoer fan de provinsje yn hannen hawwe.

De foarsitter fan de Steaten is de Kommissaris fan de Kening fan Fryslân. Sûnt 1 maart 2017 is dat Arno Brok.

Sitferdieling

bewurkje seksje

Oant de Steaten-ferkiezings fan 2007 wienen der 55 sitten te ferdielen yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Sûnt dat jier is dat werom brocht ta 43 sitten.

De lêste ferkiezings wiene op 15 maart 2023. De sitferdieling fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân sjocht der sûnt 1991 sa út:

Partij 1991 1995 1999 2003 2007 2011 2015 2019 2023
BBB 14
PvdA 16 14 14 15 12 11 7 6 5
CDA 19 18 18 16 12 8 9 8 4
FNP 3 3 4 7 5 4 4 4 4
VVD 6 10 9 6 5 6 5 4 3
GrienLinks 2 2 5 3 2 2 1 3 3
KristenUny 3 3 3 3 2
PVV 4 4 3 2
SP 0 2 4 3 5 2 1
D66 6 3 1 1 0 2 3 2 1
Partij foar de Dieren 0 1 1 1
FVD 6 1
Provinsjaal Belang Fryslân 1 1 1 0 0 1
JA21 1
50+ 0 1 1 0
CU/SGP 3
LPF 1
SGP/RPF 2 2 2
GPV 1 1 1
AOV 1
Totaal 55 55 55 55 43 43 43 43 43

Keppeling om utens

bewurkje seksje