Kommissaris fan de Kening
De Kommissaris fan de Kening is yn it steatsrjocht fan Nederlân de foarsitter fan Deputearre Steaten, en is dêrmei faak it 'gesicht' fan it provinsjaal bestjoer. De kommissaris hoecht lykwols net yn te stimmen mei it belied fan de provinsje. De kommissaris fertsjintwurdiget ek it ryk yn de provinsje. De Kommissaris fan de Kening wurdt oansteld troch de Kroan, foar in perioade fan seis jier. Allinnich de Kroan kin yn dy tiid de Kommissaris dien jaan.
-
Jetta Klijnsma (PvdA), Kommissaris fan de Kening fan Drinte
-
Leen Verbeek (PvdA), Kommissaris fan de Kening yn Flevolân
-
John Berends (CDA), Kommissaris fan de Kening fan Gelderlân
-
Emile Roemer (SP), Kommissaris fan de Kening yn Limburch
-
Ina Adema (VVD), Kommissaris fan de Kening yn Noard-Brabân
-
Arthur van Dijk (VVD), Kommissaris fan de Kening yn Noard-Hollân
-
Andries Heidema (CU), Kommissaris fan de Kening yn Oerisel
-
Han Polman (D66), Kommissaris fan de Kening fan Seelân
-
Jaap Smit (CDA), Kommissaris fan de Kening fan Súd-Hollân
-
Hans Oosters (PvdA), Kommissaris fan de Kening yn Utert