Emile Gerardus Maria Roemer (Boxmeer, 24 augustus 1962) is in Nederlânsk politikus. Ut namme fan de Sosjalistyske Partij (SP) is er sûnt de Twadde Keamerferkiezings fan 2006 lid fan de Twadde Keamer. Fan 2010 oant 2018 wie er de fraksjefoarsitter fan de SP yn de Twadde Keamer (de opfolger fan Agnes Kant).

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Emiel Roemer

Biografy bewurkje seksje

Jeugd en ûnderwiiskarriêre bewurkje seksje

Hy wie de fjirde yn in húshâlding mei fiif bern. Syn heit wie ôfdielingshaad op in kantoar.

Nei de mavo, havo en pabo wie Roemer fan 1986 oant 2002 ûnderwizer oan efterelkoar de R.K. basisskoalle 't Schrijverke yn Beuningen (1986-1992) en Jenaplanskoalle De Peppels yn Boxmeer (1992-2002).

Boargerlike steat bewurkje seksje

Emile Roemer is yn 1986 troud mei Aimée Roemer, sy hawwe twa dochters en wenje yn Sambeek.

Polityk wurkpaad bewurkje seksje

Gemeentlike polityk bewurkje seksje

Roemer waard yn 1980 lid fan de SP. Fan 1980 oant 2007 wie er foarsitter fan de ôfdieling Boxmeer fan de SP. Fan 1 jannewaris 1994 ôf wie hy gemeenteriedslid yn de gemeente Boxmeer. Nei de gemeenteriedsferkiezingen fan 2002 waard er wethâlder fan Finânsjes yn in kolleezje mei VVD en CDA. Dy funksje ferfolde er oant 2006.

Lid Twadde Keamer bewurkje seksje

Keamerlid Roemer is wurdfierder foar Ferkear en Wettersteat.[1]

Fraksjefoarsitter bewurkje seksje

Nei it ôfgean fan Agnes Kant waard Roemer 5 maart 2010 keazen ta fraksjefoarsitter fan de SP.[2] By de Twadde Keamerferkiezingen fan 9 juny 2010 wie er listlûker. De SP helle by dy ferkiezings 15 sitten, in ferlies fan 10 oangeande 2006. Ek yn 2012 helle de SP 15 sitten. Yn desimber 2017 makke Emile Roemer bekind dat er opstapt as fraksjefoarsitter en dat er opfolge wurdt troch Lilian Marijnissen. Roemer stoppe jannewaris 2018 ek as Keamerlid. Op 17 jannewaris 2018 waard er yn de Twadde Keamer opfolge troch Mahir Alkaya.[3]

Listlûker Twadde Keamerferkiezings 2012 bewurkje seksje

Roemer wie listlûker foar de SP by de Twadde Keamerferkiezingen 2012. De partij helle doe wer 15 sitten. By de Twadde Keamerferkiezingen fan 2017 wie Roemer wer listlûker en ferlear de SP ien sit.

Waarnimmend boargemaster bewurkje seksje

Kommissaris fan de Kening Theo Bovens beneamde Roemer per 16 maart 2018 ta waarnimmend boargemaster fan Heerlen, as ferfanger fan Ralf Krewinkel dy mei sykteferlof gie. Hy is de earste SP-er dy't boargemaster waard.[4]

Publikaasje bewurkje seksje

  • Emile Roemer: Het kan wel. Tussen Binnenhof en buitenwereld. Amsterdam, Van Gennep, 2015. ISBN 978-94-6164-374-2

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Emile Roemer gekozen tot fractievoorzitter en beschikbaar als lijsttrekker, SP, 5 maart 2010.
  2. Roemer nieuwe fractievoorzitter SP, Trouw, 5 maart 2010.
  3. Berjocht:Citeer web
  4. 'Oud-SP-leider Emile Roemer waarnemend burgemeester Heerlen', op: parlement.com, 14 maart 2018.