Lilian Marijnissen

Lilian Marie Corneel Marijnissen (Oss, 11 july 1985) is in Nederlânsk politikus.
Sûnt 23 maart 2017 wie hja foar de Sosjalistyske Partij (SP) lid fan de Twadde keamer fan de Steaten-Generaal. Yn desimber 2017 folge hja Emile Roemer op as foarsitter fan de SP-fraksje yn de Twadde Keamer en partijlieder. Op 12 desimber 2023 trede hja nei de de foar de SP desastreus ferrûne Twadde Keamerferkiezings fan novimber ôf as polityk lieder fan har partij en ferliet hja it parlemint.

Lilian Marijnissen
Algemien
Folsleine namme Lilian Marie Corneel Marijnissen
Berne 11 july 1985
Berteplak Oss
Partij Sosjalistyske Partij
Politike funksjes
2003–2016 Lid gemeenteraad Oss
2017–2023 Lid Twadde Keamer
2017–2023 Fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer
2017–2023 Polityk lieder SP

Biografy bewurkje seksje

Jeugd, oplieding, lokale polityk bewurkje seksje

Lilian Marijnissen is de dochter fan earder SP-lieder Jan Marijnissen. Har mem Mari-Anne Marijnissen wie yn Oss gemeenteriedslid en fan 1998 oant 2000 wethâlder. Al op fjouwerjierrige leeftyd wie Lilian Marijnissen tegearre mei har heit te sjen yn de kampanje fan de SP foar de Twadde Keamerferkiezings 1989. Hja hie in prominint plak op it ferkiezingsaffysje.[1]

Op 16-jierrige leeftyd stie hja kandidaat foar de SP in Oss by gemeenteriedsferkiezings fan 2002. Nettsjinsteande in leech plak op de list waard hja mei foarkarstimmen keazen. Hja koe har sit net ynnimme omdat se op dat stuit noch gjin achttjin jier wie; de minimumleeftyd om keazen te wurden yn in gemeenteried of oar polityk fertsjintwurdigjend orgaan. Op 11 septimber 2003, twa moanne nei har achttjinde jierdei, waard Marijnissen dochs noch riedslid doe ’t in lid fan de SP-fraksje besleat om syn sit beskikber te stellen. Yn it ramt fan har riedswurk siet hja yn de riedskommisje maatskiplike partisipaasje (kultuer, jongerein, wurkgelegenheid). By de gemeenteriedsferkiezings fan 2006 stie Marijnissen twadde op de kandidatelist fan de SP yn Oss en waard hja op 'e nij keazen.

Neist har riedswurk studearre Marijnissen politikology. Yn 2006 helle se har bachelordiploma oan de Radboud Universiteit Nijmegen. Nei in lyts jier wurkûnderfining, die hja oan de Universiteit fan Amsterdam har master politikology: Politike Téory en Gedrach. Hja kaam yn 2008 yn tsjinst by de Abvakabo FNV. Dêr hâlde hja har dwaande mei it organisearjen fan wurknimmerssoarch en fierde hja kolektive arbeidsoerienkomst- ûnderhandelings. [2] By de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 en opnij by ferkiezings nei in gemeentlike weryndieling yn 2014 waard hja werkeazen yn de gemeenteried fan Oss. By de lêste ferkiezings krige hja op de list mear stimmen as listlûker Jan Zoll. [3]

Lanlike polityk bewurkje seksje

Yn augustus 2016 makke hja bekend dat se de FNV ferlitte soe. Koart dêrnei waard dúdlik dat hja op it tredde plak fan de SP-kandidatelist stie foar de Twadde Keamerferkiezings 2017. Se waard keazen yn it parlemint en waard ynstallearre op 23 maart 2017. Ynearsten wie hja út namme fan har fraksje wurdfierder op it beliedsmêd soarch. Hja makke har yn de Keamer ûnder oare sterk foar soarchbuerthûzen, as lytsskalige wenynstelling foar âlderein yn de wyk dêr ’t se al wennen. Hja tsjinne dêrfoar in inisjatyfnota yn. [4] Yn 2023 waard it earste soarchbuerthûs fan Nederlân iepene yn har wenplak Oss.[5]

Neidat Emile Roemer ôfgien wie as fraksjefoarsitter en partijlieder, stelde Marijnissen har kandidaat. Op 13 desimber 2017 keas de SP-fraksje har as foarsitter, wêrmei ’t hja kollega-Keamerlid Sadet Karabulut fersloech.[6][7]

Op 20 juny 2020 waard hja, nei stimming fan de partijried en it partijbestjoer keazen as listlûker foar de Twadde Keamerferkiezings 2021. [8] By dy ferkiezings foel de SP werom fan 14 nei 9 sitten. Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2022 fierde Marijnissen mei har partij aksje ûnder de slogan "De buert is fan ús". Hja stelde yn dizze kampanje ûnder oare negative gefolgen fan arbeidsmigraasje foar leanûntwikkeling en sosjale gearhing binnen buerten oan 'e oarder. Dat kaam har op krityk te stean, se soe tsjin migraasje wêze en in ksenofoob stânpunt ynnimme. [9] Ek nei de ferkiezings bleau arbeidsmigraasje in tema foar Marijnissen. Yn in ynterview mei Trouw yn maaie 2022 neamde se it in 'pervers fertsjinmodel foar wurkjouwers' en pleite hja foar mear regulearring.[10] Dêrneist brocht hja middels skriftlike fragen oan de ferantwurdlik ministers de faak skrinende wensitewaasje en útrûpeljen fan EU-arbeidsmigranten op it aljemint. [11]

Marijnissen waard yn july 2023 op in partieried fan de SP keazen as listlûker foar de Twadde Keamerferkiezings 2023. Hja wie de ienige kandidaat. De SP sakke by dizze ferkiezings fierder werom fan njoggen nei fiif sitten. Dat wie de sânde ferkiezing op rige ûnder it liederskip fan Marijnissen, wêrby ‘t de SP efterútgie. Op de ferkiezingsjûn sei hja noch 'supermotivearre' te wêzen 'om dizze striid fuort te setten', mar de beslissing oer har oanbliuwen by har partij te lizzen. Op 9 desimber, koart nei de ynstallaasje fan de nije Twadde Keamerleden, kundige hja mei in berjocht op X har ferfarren oan út de lanlike polityk en as partijlieder. As reden skreau hja: "Spitigernôch ha de ôfrûne ferkiezings foar de SP net it risseltaat hân dêr ’t wy op hope hiene (..) Op basis dêrfan fernim ik dat der yn de partij ferlet is fan in nij gesicht."[12] [13][14][15] Trije dagen letter ferliet hja de Twadde Keamer en trede se ôf as partijlieder.[16]

Privee bewurkje seksje

Fan 2018 oant ein 2021 hie Marijnissen in relaasje mei presintator Bart Nolles.[17][18][19]

Underskiedings bewurkje seksje

Yn 2020 en yn 2023 waard Marijnissen ûnderskieden mei de Kleare Taalpriis fan de Jargonbrigade.[20]

Utslaggen ferkiezings bewurkje seksje

Ferkiezings Plak Marijnissen Sitten SP Oantal stimmen
Twadde Keamerferkiezings 2017 3 Twadde Keamerferkiezings 2017 (list SP) 14 124.626
Twadde Keamerferkiezings 2021 1 Twadde Keamerferkiezings 2021 (list SP) 9 416.690
Twadde Keamerferkiezings 2023 1 Twadde Keamerferkiezings 2023 (lijst SP) 5 273.734

Publikaasje bewurkje seksje

  • De winst van eerlijk delen: Ons pleidooi voor radicale democratisering - (Utjouwerij Prometheus, 2022)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsjes

  1. In 1989 stond de kersverse SP-leider Lilian Marijnissen ook al op een partijaffiche – met staartjes, op de fiets, Business Insider, 13 desimber 2017.
  2. Onderhandelingen cao-VVT al direct afgebroken, Zorgvisie.nl, 29 febrewaris 2012.
  3. "Meeste stemmen voor Marijnissen" Maasland FM, 20 novimber 2014
  4. Lilian Marijnissen wil zorgbuurthuizen voor ouderen, Zorgvisie, 8 desimber 2017.
  5. Eerste zorgbuurthuis van Nederland officieel geopend: ‘Ik ben hier vrij, maar niet alleen’, BD.nl, 29 septimber 2023.
  6. Lilian Marijnissen volgt Emile Roemer op als fractievoorzitter van de SP, website SP, besjoen op 15 desimber 2017.
  7. Alle fractievoorzitters, website Twadde Keamer, besjoen op 15 desimber 2017.
  8. De bekendmaking van de SP-lijsttrekker besjoen op 20 juny 2020, Sosjalistyske Partij 20 juny 2020
  9. SP-leider Marijnissen: D66 en GroenLinks kijken neer op de kiezers FvD en PVV, NPORadio1.nl, 18 febrewaris 2022.
  10. SP-leider Lilian Marijnissen: ‘Arbeidsmigratie is een pervers verdienmodel voor werkgevers’, Trouw, 8 maaie 2022.
  11. Kamervraag 2022Z09225: De schrijnende situatie van EU-arbeidsmigranten, 12 maaie 2022.
  12. Lilian Marijnissen stapt op als fractievoorzitter van SP nos.nl
  13. SP-leider Lilian Marijnissen stapt op, Trouw, 9 desimber 2023
  14. SP-boegbeeld Lilian Marijnissen vertrekt onverwacht als partijleider en Kamerlid, de Volkskrant, 9 desimber 2023
  15. Het was een eer om volksvertegenwoordiger te zijn., X, 9 desimber 2023
  16. Marijnissen bij afscheid van Tweede Kamer geprezen nos.nl
  17. Politica Lilian Marijnissen heeft relatie met sportverslaggever Bart Nolles NU.nl
  18. Relatie SP-partijleider Lilian Marijnissen en Bart Nolles verloopt stormachtig: ‘Ze wonen niet meer samen’ Moanneblêd Flair
  19. Lilian Marijnissen zwijgt over 'bizar' einde van relatie met tv-ster, Mediacourant.nl
  20. Lilian Marijnissen spreekt jongeren het meest aan met begrijpelijke politiek, Nationaleonderwijsgids.nl, 15 novimber 2023.