Radboud Universiteit Nimwegen

(Trochferwiisd fan Radboud Universiteit Nijmegen)

De Radboud Universiteit, ôfkoarte ta RU, en earder bekend as de Katolike Universiteit Nimwegen, is in universiteit yn de Nederlânske stêd Nimwegen. De universiteit ûntstie op 17 oktober 1923 en hie syn oarsprong yn de roomsk-katolike mienskip. Titus Brandsma út Boalsert wie ien fan de oprjochters. De universiteit is hjoed-de-dei in universiteit dy't njonken de klam op ûnderwiis ek de klam op ûndersyk leit. De universiteit hat sân fakulteiten en likernôch hûndert opliedings, beide bachelor en master. Op 1 oktober 2017 wiene der 20.967 studinten ynskreaun ,dêr't der 2.306 ynternasjonale studinten fan wiene. Ek hie de universiteit 4.921 foltiidsekwifalinten (fte) yn tsjinst dêr't der 2.764 wittenskiplike meiwurkers fan wiene.

Radboud Universiteit
Namme
Ofkoarting RU
Latynske namme Universitatis Radbodianae Noviomagensis
Biedwurd In Dei Nomine Feliciter ('Dat we lokkich wêze meie yn de namme fan God')
Lokaasje
Lân Nederlân
Plak Nimwegen
Oare bysûnderheden
Oprjochting 17 oktober 1923
Rektor Han van Krieken
Tal studinten 20.967 (2014)[1]
Tal meiwurkers 4.921 fte (2012)
Netwurken EUA, IFCU
Offisjele webside
www.ru.nl

De Radboud Universiteit en it Radboud universitêr medysk sintrum binne fêstige op de griene kampus Heijendaal, yn it suden fan de stêd. It predikaat "roomsk-katolyk" waard op 15 novimber 2020 troch de Nederlânske biskoppen ynlutsen, om't hja fan miening wiene dat harren bestjoerlike ynfloed op de universiteit te lyts wurden wie.

De universiteit heart ta de top 200 universiteiten yn de wrâld.

Namme en wapen

bewurkje seksje
 
Wapen fan de Radboud Universiteit

De namme fan de Radboud Universiteit ferwiist nei de Sint-Radboudstifting, dy't sels wer neamd wie nei biskop Redbad (Nederlânsk: Radboud) fan Utert, dy't om 900 hinne libbe. Hy waard berne yn in aadlike Frankyske famylje en wie neamd nei syn foarfaar, de Fryske kening Redbad. Yn Nederlân is biskop Redbad de patroanhillige fan de katolike wittenskip. De Sint-Radboudstifting waard yn 1905 oprjochte mei it doel it fuortsterkjen fan katolyk heger ûnderrjocht en benammen it oprjochtsjen fan in katolike universiteit.

Doe't de universiteit yn 1923 iepene, hiet er ynearsten Roomsch Katolieke Universiteit Nijmegen. Yn 1956 waard it dêrta hearrende Sint-Radboudsikehûs, hjoed-de-dei Radboud universitêr medysk sintrum, iepene. Sûnt 1 septimber 2004 hjit de universiteit de Radboud Universiteit, mar lykas fêstlein bleau it de Katolike Universiteit Nimwegen. As ôfkoarting wurdt RU Nimwegen brûkt.

It wapen fan de universiteit waard ûntwurpen, doe't de universiteit stifte waard, troch de smidderij fan de famylje Brom út Utert. It ûnderste part fertsjintwurdiget de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Nederlân. De do yn it boppeste part is it symboal fan de Hillige Geast. Op it skyld stiet de Rykskroan fan it Hillige Roomske Ryk, om't Nimwegen ien fan de wenplakken fan keizer Karel de Grutte wie. Under it wapen stiet it biedwurd In Dei Nomine Feliciter, dat betsjut "Dat we lokkich wêze meie yn de namme fan God".

 
De iepening fan de universiteit op 17 oktober 1923. De pedel en de professors ûnderweis nei de Sint-Ignasiustsjerke

De earste Universiteit fan Nimwegen waard yn 1655 al stifte as de Kwartierlijke Academie van Nijmegen. Dêr koe godsgeleardens, genêskunde en rjochtsgeleardens studearre wurde. De universiteit wie ynearsten in sukses, mar troch in pestútbraak yn 1665, en it rampjier fan 1672 doe't de Frânsen de stêd ynfoelen, wie it yn 1679 dien mei de universiteit, want it jild wie op.

Ferskate kearen waard der besocht en rjochtsje fannijs in universiteit op yn Nimwegen. Yn 1923 waard de Radboud Universiteit oprjochte as de Katolike Universiteit Nimwegen troch de Sint-Radboudstifting, dy't bestie út in groep biskoppen dy't stribben nei lykweardigens fan roomsk-katolike wittenskippers yn Nederlân. Om dy tiid hinne hiene Nederlânske katoliken gjin hege posysjes yn oerheids- en wittenskipsynstellings. It stiftsjen fan in universiteit waard sjoen as in stap yn dy rjochting. Titus Brandsma wie ien fan de oprjochters en waard heechlearaar oan de universiteit. Yn kollezjejier 1932/33 wie er rektor magnifikus.

Nei de stifting gie it ynearsten tige goed mei de universiteit, mar yn de Twadde Wrâldkriich waard de universiteit hurd troffen. In soad foaroansteande leden rekken wei, sa as heechleararen Titus Brandsma en Robert Regout, dy't harren tsjin it nazy-bewâld fersetten. Hja waarden ferfierd nei it konsintraasjekamp Dachau, dêr't se fermoarde waarden. Underwilens waarden studinten fan Nederlânske universiteiten twongen om ferklearring fan trou oan de Dútske besetter te tekenjen. Rektor magnifikus Bernard Hermesdorf fan de Radboud Universiteit wie de iennichste rektor yn Nederlân dy't wegere syn studinten dy ferklearring tekenje te litten.

Bylden út 1955 fan de earste wittenskiplike promoasje fan de yn 1951 iepene medyske fakulteit

Nei de befrijing fan Nimwegen waard de universiteit yn maart 1945 wer fuortset. Om't in soad gebouwen fan de universiteit skansearre waarden troch bombardeminten yn de kriich, wie der ferlet fan nije hûsfêsting. Yn 1951 ferhuze de fakulteit fan de genêskunde nei it lângoed Heijendaal yn it suden fan de stêd. Al rillegau bemachtige de universiteit mear grûn dêrnjonken foar de oare fakulteiten. Yn 1988 wiene alle fakulteiten op de nije kampus yn Heijendaal. Sûnt de ein fan de kriich naam it tal studinten ta fan 3.000 yn 1960 oant 15.000 yn 1980. Yn oktober 2019 wiene der 22.976 studinten ynskreaun, dêrt' 10,6% ynternasjonale studinten fan wiene.

Yn 2004 waard troch it bestjoer fan de universiteit besletten en feroarje de namme fan Katolike Universiteit Nimwegen ta Radboud Universiteit Nimwegen ta eare fan de hillige Redbad fan Utert. Jierrenlang wie der suver in skeel tusken it bestjoer fan de universiteit en de Roomsk-Katolike Tsjerke. Biskoppen wegeren bestjoersleden fan net-katolyk komôf oan te nimmen. Mei yngong fan 15 novimber 2020 besleat de Nederlânske Biskoppekonferinsje it predikaat "katolyk" fan de universiteit wei te nimmen, itjinge betsjut dat de universiteit himses net mear "katolyk" neame mei.

 
It Erasmusgebou fan de Radboud Universiteit.

De universiteit hat sân fakulteiten:

  • Filosofy, Teology en Religywittenskippen (2011; fúzje fan de Fakultêre Uny (2004-2010), dêr't de trije fakulteiten yn noch selsstannich wiene. Filosofy wie earder Literatuer en Wiisbegearte, Teology wie earder Godgeleardens, en dy waarden beide oprjochte yn 1923; de Fakulteit Religywittenskippen waard yn 2006 oprjochte.
  • Literatuer (1923; earder Literatuer en Wiisbegearte)
  • Behearwittenskippen (1988; earder Algemiene Beliedswittenskippen, Geografy en Planology)
  • Natoerwittenskippen, Wiskunde & Informatika (1957; earder Wis- en Natoerkunde)
  • Rjochtsgeleardens
  • Sosjale wittenskippen (1963)
  • Medyske Wittenskippen (1951; earder Genêskunde) & Radboud universitêr medysk sintrum (2013; earder Akademysk Sikehûs Nimwegen (oant 1956) en Universitêr Medysk Sintrum Sint-Radboud (1956-2013)).

Ferneamde studinten (karút)

bewurkje seksje

In stikmannich ferneamde studinten mei it jier fan slagjen:

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar mear boarnen en literatuer, sjoch References op dizze side

 
Universiteiten yn Nederlân
Bekostige

Amsterdam · Delft · Eindhoven · Frije Universiteit · Grins · Iepen Universiteit · Leien · Maastricht · Nimwegen · Rotterdam · Tilburch · Twinte · Utert · Wageningen

Oanwiisd

Humanistyk · Kampen (Broederweg) · Nyenrode · Protestantse Theologische Universiteit · Saba · TIAS · T.U. Apeldoorn

Ynternasjonaal

Limburg · Webster University

Eardere universiteiten

Harderwyk · Frjentsjer · Kwartierlijke Academie van Nijmegen · K.T.U. Utrecht

  ·   ·