Fte
(Trochferwiisd fan Foltiidsekwifalint)
Fte, ôfkoarting fan foltiidsekwifalint, full-time-equivalent, is in rekkenienheid dêr't de omfang fan in tsjinstferbân of de personielssterkte mei útdrukt wurde kin.
Ien fte is in folsleine wurkwike. In funksje fan bygelyks 0,6 fte is — rekkene mei in wurkwike fan 38 oeren — in funksje fan 0,6 × 38 = 22,8 oere de wike.
Yn it Nederlânsk ûnderwiis wurdt somtiids de term 'wurktiidfaktor' brûkt foar fte.