Hans van Mierlo

Nederlânsk sjoernalist en politikus

Henricus Antonius Franciscus Maria Oliva (Hans) van Mierlo (Breda, 18 augustus 1931 - Amsterdam, 11 maart 2010), wie in Nederlânsk sjoernalist en politikus. Hy is benammen bekend as ien fan de oprjochters fan D66 en wie jierrenlang it gesicht fan dizze partij. Nei de inisjalen fan syn foarnamme wurdt er ek wol oantsjutten as HAFMO. Hans van Mierlo boaske trije kear. Hy hie in soan út syn earste houlik en twa dochters út it twadde. Sûnt 1999 hie Van Mierlo in relaasje mei de Nederlânske skriuwster Connie Palmen. Op 11 novimber 2009 trouden Van Mierlo en Palmen yn debatsintrum De Rode Hoed te Amsterdam.

Hans van Mierlo
politikus
Hans van Mierlo (1981)
Hans van Mierlo (1981)
echte namme Henricus Antonius Franciscus Maria Oliva van Mierlo
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 18 augustus 1931
berteplak Breda
stjerdatum 11 maart 2010
stjerplak Amsterdam
partij D66
Partijlieder fan D66
amtsperioade 1966 - 1973,
1986 - 1998
opfolger Jan Terlouw
Partijfoarsitter fan D66
amtsperioade 1966 - 1967
opfolger Derk Ringnalda
Lid Twadde Keamer
amtsperioade 1967 - 1998
Fraksjefoarsitter Twadde Keamer
amtsperioade 1967 - 1973 ,
1986 - 1994
opfolger Jan Terlouw
Minister fan Definsje
regear Kabinet-Van Agt II,
Kabinet-Van Agt III
amtsperioade 1981 - 1982,
1982
foargonger Pieter de Geus
opfolger Job de Ruiter
Lid Earste Keamer
amtsperioade 1983 - 1986
Minister fan Bûtenlânske Saken
regear kabinet-Kok I
amtsperioade 1994 - 1998
foargonger Pieter Kooijmans
opfolger Jozias van Aartsen

Hans van Mierlo kaam út in roomsk-katolike húshâlding en die syn middelbere skoalle by de Jezuïten oan it Canisius College (ynternaat) yn Nymwegen. Hy studearre rjochten oan de Radboud Universiteit Nymwegen. Yn 1960 die hy doktoraaleksamen (Master yn de rjochten) Nederlânsk rjocht, mei as byfak ynternasjonaal privaatrjocht. Fan 1960 - 1967 wurke hy by it Algemeen Handelsblad te Amsterdam, earst as redakteur binnenlân, letter as haad fan de redaksje fan de opinyside.

As foarsitter fan it inisjatyfkommitee hie Van Mierlo yn 1966 in grut oandiel yn de oprjochting fan de nije partij Democraten 66. De oprjochting fan de partij slagge mat krekt noch yn 1966, op 27 desimber, neidat twa dagen fan fergaderjen earder neat opsmiten hiene. Van Mierlo wie de earste foarsitter fan dy partij. Yn 1967 helle D'66 sân sitten. Van Mierlo wie fan 1967 - 1977 en fan 1986 - 1994 lid fan de Twadde Keamer foar D66. Fan 1967 - 1974 en yn de twadde perioade wie hy teffens fraksjefoarsitter.

Fan 1983 - 1986 wie hy lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal. Ek wie hy lid fan de Kommisje Untwikkelingsgearwurking Nederlân-Suriname (CONS) en fan de Advysrie Definsjeoangelegenheden (ADA).

Van Mierlo wie fan 11 septimber 1981 oant 4 novimber 1982 minister fan Definsje yn it Twadde - en Tredde Kabinet-Van Agt. Fan 22 augustus 1994 oant 3 augustus 1998 wie hy fisepremier en minister fan Bûtenlânske Saken yn it Earste Kabinet-Kok. Op 23 oktober 1998 waard hy beneamd ta Minister fan Steat Van Mierlo beklaaide tal fan bestjoersfunksjes, benammen by literêre en kulturele organisaasjes.

Hans van Mierlo ferstoar yn maart 2010 op 78-jarige leeftiid yn it Us Leaffrou Gasthûs te Amsterdam.

Underskiedings

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje