Konsintraasjekamp
In konsintraasjekamp is in kamp dêr't minsken, meastal ûnder militêre twang, byelkoar brocht wurde. It is in ynrjochting om politike tsjinstanners of oars net winske minsken op grûn fan etnyske, religieuze as sosjale skaaimerken te isolearjen en psychysk en/of fysyk te brekken, en yn guon gefallen dea te dwaan. It opsluten yn in kamp bart meast troch administrative hannelingen, sûnder rjochtspraak en rjochtshelp, foar in ûndúdlike tiid en sûnder dat minsken der wat oer te sizzen hawwe. It begryp konsintraasjekamp wurdt troch de measte minsken streekrjocht yn ferbân brocht mei it gebrûk yn de Twadde Wrâldkriich.
Skiednis
bewurkje seksjeNederlânske slachtoffers yn Dútske konsintraasjekampen
bewurkje seksjeIt krekte tal Nederlânske deaden yn Dútske konsintraasjekampen is net witten. De neifolgjende feiten binne basearre op getallen fan de Nederlandse Oorlogsgravenstichting wat it lêste rêstplak yn de omkriten fan in tal kampen. De sifers fan Kamp Westerbork komme út it argyf fan de gemeentes Midden-Drinte en Assen. Kamp Amersfoart en Kamp Vught neffens eigen opjefte.
konsintraasjekamp | Nederlânske deaden |
Kamp Amersfoart | 468 |
Auschwitz | 57000 |
Bergen-Belsen | 1700 |
Buchenwald | 750 |
Dachau | 600 |
Esterwegen | 10 |
Flossenbürg | 150 |
Groß-Rosen | 370 |
Majdanek | 90 |
Mauthausen | 1650 |
Natzweiler | 100 |
Neuengamme | 3000 |
Ravensbrück | 260 |
Sachsenhausen | 600 |
Sobibór | 34500 |
Stutthof | 25 |
Vught | 699 |
Kamp Westerbork | 733 |
Zöschen | 120 |
Oare Dútske kampen dêr't in protte Nederlanners it libben ferlern hawwe:
- Bergen-Belsen
- Buchenwald
- Dachau
- Esterwegen
- Flossenbürg
- Groß-Rosen (ûnder oaren foar Nacht und Nebel-finzenen), mei ferskaat oan subkampen.
- Mauthausen yn Eastenryk
- Natzweiler-Struthof (fral foar Nacht und Nebel-finzenen)
- Neuengamme
- Ravensbrück (fral foar froulju)
- Sachsenhausen by Oranienburg
- Sonnenburg
Dútslân
bewurkje seksjeDe sân naziferneatigingskampen:
- Auschwitz II (Birkenau) yn Poalen
- Bełżec yn Poalen
- Chełmno (Dútsk: Kulmhof) yn Poalen
- Majdanek by Lublin yn Poalen
- Maly Trostenets yn Wyt-Rusland
- Sobibór yn Poalen
- Treblinka II yn Poalen
Itaalje
bewurkje seksjeItaljaanske konsintraasjekampen sûnt begjin 1942:
- Risiera di San Sabba yn Triëst
- Rab, eilân yn Dalmaasje
- Chiesanuova by Padua
- Molat, eilân yn Dalmaasje
- Monigo bij Treviso
- Renicci di Anghiari by Arezzo
- Visco by Palmanova
Kroaasje
bewurkje seksjeFerneatigingskamp:
Nederlânsk-Ynje
bewurkje seksjeNederlân
bewurkje seksje- Vught (Konzentrationslager Herzogenbusch)
- Amersfoart (Polizeiliches Durchgangslager Amersfoort)
- Westerbork (Polizeiliches Durchgangslager Westerbork)
- Schaarshoek (Joadsk straf- en wurkkamp by Heino)
Tsjechje
bewurkje seksje- Theresienstadt, konsintraasjekamp
Belgje
bewurkje seksje- Breendonk
- Dossinkazerne, trochgongskamp foar (fral) Joaden ûnderweis nei Auschwitz
Roemeenje
bewurkje seksje- Mear as ien kamp yn it gûvernemint Transnistrje.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Concentration camps fan Wikimedia Commons. |