Kamp Schaarshoek
Kamp Schaarshoek is in plak tichteby Heino yn de gemeent Raalte, Oerisel. Schaarshoek waard fanwegen de wurkferskaffing yn 1933 boud, as wurkgelegenheidsprojekt yn de krisistiid. It kamp lei oan it spoar fan Swol nei Almelo.
Wurkkamp
bewurkje seksjeYn 1939 gie it kamp oer nei de Rykstsjinst foar de Wurkferromming. Under tafersjoch fan dy tsjinst waard kamp Schaarshoek yn febrewaris 1942 in wurkkamp foar Joaden. De rol fan joadsk wurkkamp duorre mar koart. Yn oktober 1942 (Jom Kipoer) waard it kamp opheft en waarden de Joaden nei Kamp Westerbork brocht.[1]
Evakuaasjekamp
bewurkje seksjeNei 1942 waard it kamp brûkt om evakuees út De Haach en Scheveningen, waans wenten yn it ramt fan de oanlis fan de Atlantikwall sloopt waarden, ûnderkommen te jaan.
Nei de oarloch
bewurkje seksjeNei de Twadde Wrâldoarloch hie it kamp in protte funksjes. Schaarshoek wie ien fan de ryksevakuaasjekampen foar oarlochsslachtoffers. It Bureau Afvoer Burgerbevolking bepaalde wa't derhinne giene. It kritearium wie "ûnmaatskiplekens" en it doel wie weropfieding. Ek húsmannen dêr yn de jierren fyftich repatrianten út it eardere Nederlânsk-Ynje. Yn 1961 waarden der flechtlingen út East-Dútslân húsfeste ûnder de bou fan de Berlynske Muorre.
Yn de jierren sechtich waard it kamp stadichoan ynrjochte as kamp foar de jongerein. Anno 2015 is Schaarshoek in fakânsjekamp. De oarspronklike bebouwing is foar it grutste part ferdwûn, mar de kantine is der noch. Teffens is de V-foarm fan it eardere wurkkamp noch werom te kennen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |