Rykstsjinst foar de Wurkferromming
De Rykstsjinst foar de Wurkferromming (Rijksdienst voor de Werkverruiming) wie fan 1939 oant en mei 1945 in oerheidsynstitút dat him dwaande hold mei it skeppen fan wurkgelegenheid.
Skiednis
bewurkje seksjeNeidat yn 1929 tûzenen minsken wurkleas waarden fanwege de Grutte Depresje rjochte it regear him yn it earstoan op de gefolgen fan de wurkleazens. Yn de wurkferskaffing waarden wurkleazen, steungerjochtigden, yn grutte projekten oan it wurk set. Lykwols waarden der net sa'n protte wurkleazen oan wurk holpen yn de neikommende jierren. Op 3 febrewaris 1939 komt dêr feroaring yn. Professor Romme, minister fan Sosjale Saken, smiet doe it roer om. Syn Rykstsjinst foar de Wurkferromming kaam mei in soad plannen om wurk te ferskaffen. Om dy plannen stal te jaan waarden neist de projekten kampen boud. Yn de folksmûle hjitte dit oerheidsprojekt ek ‘wurkferskaffing’. In protte fan dy plannen rûnen op de non fanwege it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich. De belangen fan de Dútske besetter leine by it ynsetten fan Nederlânske manlju yn de oarlochsyndustry.
List fan kampen
bewurkje seksje