Grutte Depresje
De Grutte Depresje is de namme foar de ekonomyske krisis yn de tritiger fan de 20e iuw. Dy tiid wurdt ek wol oantsjut as de Krisisjierren. Dizze ekonomyske krisis of depresje ûntstie yn de Feriene Steaten en luts de hiele wrâld deryn mei. It wie de grutste en wichtichste ekonomyske depresje yn de nijste tiid en wurdt yn de 21e iuw as foarbyld oanhelle fan hoe djip der wrâldekonomy falle kin.
Oarsaken leinen yn oerproduksje fan de lânbou en yn de yndustry dy't troch de lege leanen fan de konsuminten har produkten net kwyt koe. Boppedat tochten ekonomen dat de krisis fansels oergean soe.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje Commons: Grutte Depresje – foto, fideo en harktriemmen