Beurskrach
In beurskrach of beurscrash is in beneaming út de ekonomy en wurdt brûkt om it hommels sterk skokjend sakjen fan de koersen fan in grut diel fan de oandielen op de effektenbeurs mei oan te tsjutten.
In beurskrach is wat oars as in saneamde bearmerk, wêrby't koersen oer langere tiid stadichwei sakje. In beurskrach is in kwestje fan dagen, wylst in sakjende merk lang oanhâlde kin. In merk dêr't de prizen stadichwei trochsakje sûnder grutte skokken wurdt ek wol in slûpcrash neamd. Meidat de twa bekendste gefallen fan in beurskrach barden yn de moanne oktober assosiearret men yn beursfermiddens dizze moanne noch altiten mei crashes. Der bestiet gjin dúdlike kwantitative definysje foar it ûnderskied fan in krach en in gewoane beursdelgong. Globaal nommen wurdt útgien fan in sakjen fan 10 persint of mear yn in pear dagen, wylst dan ek sprake is fan panyk. In krach hoecht net te barren yn in bearmerk: de krach fan 1987 barde yn in opgeande merk. De grutte delgong fan de Japanske merk yn de jierren njoggentich ferrûn dêrtsjin sûnder in ôfsûnderlike krach.
1874
bewurkje seksjeBeurskrach op de beurs fan Berlyn fanwege net ynloste ferwachtings omtrint Dútske koloniale aspiraasjes en in (mislearre) moardoanslach op kânselier Bismarck.
1882
bewurkje seksjeKrach op de beurs fan Parys, wêrby't Paul Gauguin syn baan as beurshannele ferlear.
1929
bewurkje seksjeDe earste beurskrach mei wrâldwide gefolgen wie de beurskrach fan 1929 yn New York.
1987
bewurkje seksjeNeidat yn 1986 wrâldwiid de kapitaalmerkrinte tegearre mei de oandielekoersen sterk opûn ûntstie der healwei oktober 1987 in sterke delgong op de beurzen. Neidat yn it wykein fan 17 en 18 oktober de Amerikaanske minister James Baker him kritysk oer it ekonomysk belied fan de Dútsers útliet, trede in sterke delgong fan de koersen op. Op moandei 19 oktober iepene de Dow Jones 200 punten leger op in nivo fan 2040 en sluet de dei ôf mei ien rekordferlies fan 508 punten op 1738,42 ofwol in sakjen fan 22,6%. De Federal Reserve ferlege de koarte rinte, en ek de lange rinte dy't de dagen foar de crash nei boppe 10% oprûn wie sakket wer ûnder dit nivo. De oaredeis helle de Nikkei-yndeks (Tokio) mei 15% nei in nivo fan 21911 punten.
2008
bewurkje seksjeYn 2008 kelderen de effektenbeurzen wrâldwiid troch de gefolgen fan de kredytkrisis. In oantal Amerikaanske finansjele ynstellings gie ten ûnder of waard nasjonalisearre. Yn de Benelúks waard bank-fersekerder Fortis troch nasjonalisaasje fan de ûndergong rêden. Beurskoersen oer de heule wrâld sakken ein septimber en begjin oktober mei tsientallen persinten, de Nederlânske AEX yndeks sakke yn de earste wike fan oktober mei 25%.