Joadske wurkkampen
De Joadske wurkkampen waarden begjin 1942 fan de Dútske besetter ynrjochte om der Joadske wurklozen ûnder te bringen om harren sa arpart te setten en better yn de macht hâlde te kinnen. Op 2 oktober 1942 (Jom Kipoer) waarden de wurkkampen opheft. De bewenners waarden oergebrocht nei kamp Westerbork.
Joadske wurkleazen
bewurkje seksjeMei troch de maatregels fan de besetter [1] wienen der yn Nederlân al oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich in protte joadske wurkleazen. De Dútske autoriteiten makken al rillegau plannen om harren oer te bringen nei wurkkampen. Totaal binne der 38 fan dit soarte kampen ynrjochte[2]. De kampen wienen net nij. De Rykstsjinst foar de Wurkferromming hie se meast op 'e noed en yn gebrûk foar 'wurkferskaffingsprojekten'. De foar Joaden ynrjochte kampen wienen meast te finen yn Noard- en East-Nederlân. De besetter hjitte de ûntrûming fan dizze kampen. Guon ûnderstelle dat de ferdreaune wurkleazen yn it ramt fan de Arbeitseinsatz yn Dútslân oan it wurk moasten. Oaren miene dat sy foar de NAD ronsele wurden binne.[3] De besetter ûntnaam alle Joaden harren baan sadat hja folslein foar harren ynkommen fan de Dútsers ôfhinklik waarden. Yn totaal binne der mear as 5.200 fan dizze Joadske 'wurkleazen' yn de wurkkampen bedarre. Harren wurk bestie út it dollen op de heide, ierappelle en wegen of paden oanlizze. Dizze wurkleazen barden 20% minder as de oare wurkleazen.[4]
De ein
bewurkje seksjeYn in brief fan ein septimber 1942 seit de Befehlhaber der Sicherheitspolizei und des SD, Zentralstelle für judische Auswanderung dat der op 25 septimber 5242 manlju út 85 stêden en doarpen yn de wurkkampen sieten, ferdield oer 42 kampen. Yn deselde brief wurdt fernijd dat der besletten is ta Gesamtevakuierung, fan de Joaden (einschliesslich Anghörigen) út de wurkkampen.[5] Op freed 2 oktober 1942 en sneon 3 oktober 1942 waarden de wurkkampen leechhelle en waarden ek de Angehörigen ôffierd nei kamp Westerbork om dêrwei, sa't letter bliken die, nei de ferneatigingskampen transortearre te wurden.
De kampen[2]
bewurkje seksje- Kamp Arriën by Ommen
- Kamp Balderhaar by Kloosterhaar
- Kamp Beugelen by Staphorst
- Kamp Bruinhorst by Ederveen
- Kamp Conrad by Rouveen
- Kamp De Beetse by Jipsinghuizen
- Kamp De Bruine Enk by Nunspeet
- Kamp De Fledders by Norg
- Kamp De Landweer by Elsloo
- Kamp De Vanenburg
- Kamp De Vecht
- Kamp De Wite Peal by Reahel/Rotsterhaule
- Kamp De Wittebrink
- Kamp De Zomp by Ruurlo
- Kamp Diever A by Oude Willem
- Kamp Diever B
- Kamp Echten
- Kamp Geesbrug
- Kamp Gijsselte
- Kamp De Beetse by Sellingerbeetse
- Kamp Havelte (Joadekamp Havelte)
- Kamp Het Wijde Gat
- Kamp It Petgat by Blesdike
- Kamp Kloosterhaar
- Kamp Kremboong by Tiendeveen
- Kamp Lievelde
- Kamp Linde
- Kamp Mantinge
- Kamp Molengoot by Collendoorn
- Kamp Oranje by De Fochtel
- Kamp Oranjekanaal by Oranje
- Kamp Orvelte by Orvelte
- Kamp Overbroek by Kesteren
- Kamp Palästina
- Kamp Ruinen
- Kamp Schaarshoek by Heino
- Kamp 't Schut bij Ede
- Kamp Stuifzand
- Kamp Twilhaar by Nijverdal
- Kamp Vledder by Vledder
- Kamp Ybenheer by De Fochtel
Monuminten[6][7]
bewurkje seksje- Kamp Diever A (Alde Willem)[8]
- Kamp De Landweer
- Kamp It Petgat
- Kamp Ybenheer
- Kamp Molengoot[9]
- Kamp Twilhaar[7]
- Kamp Vledder (twa monuminten)
Op de monuminten - ûntwurpen troch learlingen fan it Fryslân Kolleezje - by Elslo, Diever, Blesdike, Alde Willem en De Fochtel stiet de neikommende tekst fan de dichteresse Jacqueline van der Waals:
- Geef mij de moed om onrecht te onderkennen
- Ook waar 't door eeuwen van gebruik gewettigd wordt,
- De vaste wil aan onrecht nooit te wennen,
- Ook waar de macht, het weg te nemen, schort.
Neitiid
bewurkje seksjeDe measte kampen krigen in nije bestimming. Sa waard it kamp Ybenheer by De Fochtel earst brûkt om moeilijk opvoedbare jongens yn ûnder te bringen. Letter kamen dêr sa'n 40 hûngerbern út West-Nederlân. Neifolgjend waarden der NSB-ers ynternearre en fan 1951 ôf wie it in Ambonezekamp. Ein sechtiger jierren waarden de barakken ôfbrutsen.
Fan de oare kampen is ek net folle oer. Yn Vledder stiet noch ien barak.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|