Jipsinghuizen (Grinslânsk: Jipsenhoezen) is in buorskip yn de gemeente Westerwâlde yn de regio Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It leit sa'n trije kilometer benoarden Sellingen oan de Ruiten Aa, it noardlike part fan de buorskip falt ûnder Vlagtwedde en it súdlike part falt ûnder Sellingen. Tegearre mei de njonkenlizzende útbuorren Plaggenborg wenje der sa'n 160 ynwenners. Jipsinghuizen sels hat likernôch 50 huzen mei 125 ynwenners.

Jipsinghuizen
Lokaasje Jipsinghuizen yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Lokaasje Jipsinghuizen yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal 125
Oar
Koördinaten 52° 59' NB, 7° 9' EL
Earder tramstasjon fan de OG yn Jipsinghuizen
De monumintale pleats De Meendering, dy't in ryksmonumint is, yn it sintrum fan it doarp

It plak hat in beboude kom, dus hat it in blau plaknammeboerd, dus docht it oan foar in doarp, mar de postadressen falle ûnder Vlagtwedde en Sellingen. It plak hat in doarpshûs, in basisskoalle (OBS Plaggenborg) in lânboumeganisaasjebedriuw, in tankstasjon en in hotel.

Jipsinghuizen is ien fan de âlde boermarken fan it karspel Vlagtwedde.

Om it plak hinne binne urnefjilden fûn út de lette Brûnstiid. It plak waard ferneamd om de Slach by Jipsinghuizen op 26 septimber 1665 yn de Earste Múnsterske Kriich. It plak waard as wraakaksje yn de nacht fan 15 op 16 novimber 1665 folslein platbaarnd troch weromlûkende Múnsterske troepen.

Yn 1915 krige Jipsinghuizen in stasjon oan de stoomtramline Wynskoat - Ter Apel fan de OG. Dy line waard yn 1948 opheft, dochs it stasjon stiet der noch hieltyd. In kilometer besúdeasten Jipsinghuizen leit de Jipsinghuizerslûs yn it Ruiten-Aa-kanaal. Dat kanaal kaam yn 1920 ree en waard oant nei de Twadde Wrâldkriich brûkt foar de beropsfeart. Hjoed-de-dei wurdt it benammen foar de plezierfeart brûkt.

Wurkferskaffing

bewurkje seksje

Yn de Ruiten-Aa stiet yn Jipsinghuizen in monumint dy't wijd is oan de wurkferskaffing yn Westerwâlde. De oanset waard jûn yn de iere tweintiger jierren fan de tweintichste iuw troch Jan Buiskool, dy't boargemaster fan efterinoar Vlagtwedde en Delfsyl wie, en ek ryksynspekteur foar de wurkferskaffing wie. De wurkferskaffing waard troch de yn 1924 oprjochte N.V.Ontginningsmaatschappij De Vereenigde Groninger Gemeenten, dêr't einlings fyftich Grinslânske gemeenten lid fan waarden. De wurkleazen waarden mei de tram nei Jipsinghuizen brocht en hja moasten de heide yn de omkriten fan it doarp oanmeitsje. Hja oernachten yn barakkekampen en se krigen in leger lean as algemien yn de lânbou gongber wie. It wurk dat hja dwaan moasten wie swier foar de lea en de measten wiene oan sok wurk net wend. It projekt waard wol de "Hel fan Jipsinghuizen" neamd.

De oanmakke gebieten wiene:

  • Weenderveld, 525 bunder
  • Jipsinghuizerveld, 264 bunder
  • De Pallert, 92 bunder
  • Rhederveld, 447 bunder
  • Laudermarke, 253 bunder
  • Loosterveen, 474 bunder
  • Jipsingboertange, 204 bunder
  • Sellingerbeetse, 790 bunder

Benoarden it doarp lizze gebieten dy't part fan it natuergebiet Dal van de Ruiten Aa (Delling fan de Ruiten Aa) fan Natuermonuminten binne. It giet dêr om opholpen meanders fan de Ruiten Aa. Besúdwesten it doarp lizze gebieten dy't troch Steatsboskbehear beheard wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Westerwâlde  
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugSellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWeddeWedderveerZandberg
Buorskippen:
AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer WischTjabbesstreekVeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtangeWesteindWollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêgeZuidveldSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
  ·   ·