De Ruiten Aa is in lytse rivier of in beek yn it easten fan Grinslân yn de regio Westerwâlde en is 29,5 kilometer lang. It begjint by Ter Apel en streamt by Sellingen, Vlagtwedde, Smeerling, Ter Wupping del nei Wessinghuizen dêr't er tegearre mei de Mussel-Aa de Westerwâldske Aa foarmet. Dy mûnet by Nieuwe Statenzijl út yn de Doalert.

De Ruiten Aa op in topografyske kaart út 1933 yn de omkriten fan Vlagtwedde en Wedde, dêr't de Ruiten Aa yn it pears en it Veelerdiep yn it blau oanjûn wurdt.
De Ruiten Aa by Ter Apel.

De Ruiten Aa waard foar it earst neamd yn 1327 as Ruetna, dat ôflaat is fan it Proto-Germaanske *rûh-itha. Dat betsjut "rûchte, beamkeguod, ûnkrûd", en it Grinslânske roet, ruut, dat "ûnkrûd" betsjut, docht dêr ek oan tinken. Aa betsjut "rinnend wetter".

Eartiids begûn de Ruiten Aa súdliker, yn de omkriten fan it Bargerfean yn Drinte. De boarne waard foarme troch de Zwarte Meer, in feanmar. Dy mar rûn leech nei it graven fan de Verlengde Hoogeveense Vaart. It doarp Zwartemeer ûntstie dêrnei op dat plak. De bopperin hiet de Runde. Der wiene wer plannen om de Runde fannijs op te helpen. Op it plak dêr't it rivierke Grinslân ynrint krijt er de namme Ruiten Aa. Oan de oare kant fan de ryksgrins leit Rütenbrock, dy't nei de Ruiten Aa neamd is.

De delling fan de Ruiten Aa is tige breed foar in lytse stream. Yn de lêste Iistiid streamde de Iems troch Westerwâlde. Letter hat dy rivier syn rin ferlein. De Ruiten Aa is it oerbliuwsel dêrfan. De Ruiten Aa streamt by Laudermarke de âlde delling fan dy rivier yn nei it noarden ta. Besuden Vlagtwedde spjalt de Ruiten Aa him. It eastlike part dat troch Vlagtwedde rint, hjit Veelerdiep en it westlike part hâldt de namme Ruiten Aa. Tusken Wessinghuizen en Wedde komme beide streamkes wer byïnoar. It Veelerdiep is in oerbliuwsel fan it besykjen yn de fyftjinde iuw en graaf in kanaal tusken de Iems en de Westerwâldske Aa. Dat wie ornearre foar in ferbining fan it Bisdom Múnster nei de stêd Grins om de tol by Emden te ûntrinnen.

By it rivierke del binne noch in soad oerbliuwsels fan it iesdoarpegea. Rûne ikkers op heger sângrûn wikselje ôf mei leger lân yn de delling, dy't oarspronklik greidlân wie. Fan de beamwâlen en de lytse bosken dy't it gea in parkeftich oansjen joegen, is by de ruilferkavelings in soad oprêden.
De delling fan de Ruiten Aa wie wynliken as in rêchbonke foar Westerwâlde, dat yn in grut feangebiet, it Boertanger Fean, lei. Dat feangebiet is no foar it grutste part oanmakke.

De funksje foar de wetterôffier fan Westerwâlde fan de Ruiten Aa naam ôf nei it graven fan it Ruiten-Aa-kanaal, it Mussel-Aa-kanaal en it B.L. Tijdenskanaal tusken 1911 en 1920. Dêrby waard besuden Vlagtwedde de rin fan de Ruiten Aa ûnderbrutsen en waard it wetter oer in lieding nei it Ruiten-Aa-kanaal laat. By de ruilferkavelings nei de Twadde Wrâldkriich waard de rin fan de Ruiten Aa op in soad plakken kanalisearre. Dat waard koartlyn lykwols weromdraaid. It rivierke hat syn meanders weromkrigen.

It gea om de Ruiten Aa hinne is part fan de ekologyske haadstruktuer fan Nederlân, dêr't in soad grûn natuergebiet wurden wie. By Wollinghuizen en by Sellingen waarden de meanders werombrocht.

Benoarden Smeerling binne de natuergebieten yn behear fan Steatsboskbehear. Dêr binne ek noch inkelde rivierdunen by in âlde rin fan de Ruiten Aa.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Van Rottum tot Reest, Natuurgebieden in Groningen en Drenthe. Under redaksje fan Fred Helmig, Walter ten Klooster en Bert Witvoet en ûnder einredaksje fan Henk van den Brink. Utjûn troch Steatsboskbehear ISBN 909013283X. Siden 75-93 en 279.
  • Etymologiebank: ruiten
  • W. de Vries, Groninger plaatsnamen, Grins 1946, side 203.

  Westerwâlde  
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugSellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWeddeWedderveerZandberg
Buorskippen:
AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer WischTjabbesstreekVeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtangeWesteindWollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêgeZuidveldSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
  ·   ·