Hoogeveense Vaart

(Trochferwiisd fan Verlengde Hoogeveense Vaart)

De Hoogeveense Vaart of ek wol Hoogeveensche Vaart, mei de ferlinging Verlengde Hoogeveense Vaart, is in kanaal yn de Nederlânske provinsje Drinte dat fan it Meppelerdjip by Meppel oant de Dútske grins by Zwartemeer rint. It kanaal is 65 km lang en is CEMT-klasse II en hat in fardjipte fan 3,50 meter. Skippen mei in maksimum lingte fan 65 meter, in breedte fan 7,30 meter en mei in djipte fan 2,20 meter binne tastien. Der is net in soadberopsfeart, útsein dat er benammen grind, izer en keunstdong oer ferfierd wurdt.

De rin fan de Hoogeveense Vaart
De Hoogeveense Vaart by Meppel
Ferlinge Hoogeveense Vaart by Zwartemeer

In lyts part fan de Ferlinge Hoogeveense Vaart leit yn Dútslân, dêr't it Schöninghsdorf-Hogeveenkanaal neamd wurdt. Dat kanaal mûnet út yn it Súd-Noardkanaal yn Schöninghsdorf yn de gemeente Twist. Dat part fan 'e kanaal wurdt hjoed-de-dei net mear brûkt foar it farren en tsjinnet allinne noch foar it ôfwetterjen.

Skiednis bewurkje seksje

De ûnderrin fan it Alde Djip is fan de Midsiuwen ôf al brûkt as in farwei. Sa koe der bygelyks materiaal oanfierd wurde in pear hûndert meter benefter it Hûs fan Echten. Dy ûnderrin waard al fan 'e earste fearns iuw fan de santjinde iuw ôf brûkt foar it ferfieren fan turf, doe't Jan van Buijren mei it turfstekken úteinsette yn it Legefean. Roelof van Echten naam dy turfstekkerij oer. Der binne yn 1627 twa fallaten yn de ûnderrin te sjen. Om 1632 hinne waard it part tusken Echten en Hoogeveen groeven en der waarden fallaten ynsetten. Dat barde yn opdracht fan de Kompanjy fan de 5000 Moargen. Doe koe men prate fan de Hogeveense Vaart (Hogeveenske feart), om't der no in feart lei oant Hogeveen. Dy rûn fan Hogeveen, besuden it Hûs fan Echten, nei Meppel, dêr't it yn it Meppelerdjip útmûne. Yn 1637 wie de feart lykwols noch net klear. It trasee tusken Meppel en Echten folge foar it grutste part de rin fan it Alde of Echtenske Djip. Oant it wider meitsjen fan it kanaal yn de santiger en tachtiger jierren fan de tweintichste iuw wiene der lykwols noch reedlik soad bochten yn de rin.

Ferlinging bewurkje seksje

By Keninklik Beslút fan 12 maart 1852 waard oan guon Hollânske en Drintske hearen fergunning jûn ta it oprjochtsjen fan de "maatskippij ta it oernimmen, ferlingjen en ferbetterjen fan de Hogeveense Vaart", oant yn de Noard- en Súdbarger Feanen (gemeente Emmen, mei in súdlike sydtakke oant yn de grêft fan Coevorden en in noardlike takke oant de Beilerfeart.

Nei't de provinsje en de belanghawwende gemeenten oandielen yn de maatskippij stutsen hiene en dêropta in provinsjale subsydzje tasein waard, waarden mei de wurksumheden noch yn datselde jier úteinset. Yn 1856 waard de kommisje sa fierhinne feroare, dat de maatskippij dien krige fan it graven fan in kanaal nei Coevorden en fan in eventueel feroarjen fan de wetterlieding nei Beilen yn in skipfeartkanaal. Doe't yn 1858 it kanaal sa'n 2800 jellen fan de fean Noard- en Súdbarge ôf wie, kaam de kommisje mei it foarstel om yn 8 jier, nei't it kanaal it fean berikt hie, it yn eastlike rjochting 6400 jellen te ferlingjen, en út dat ferlingjen in sydtakke nei it Amsterdamscheveld te graven, troch te graven oant de Hannoverske grins. Yn 1860 waarden de oerbleaune 2800 jellen dien makke, en waard it kanaal noch 400 jellen yn it fean ferlinge. Op 5 deimber fan dat jier fear it earste skip dy't mei turf laden wie, oer it kanaal. Yn 1861 waard al it wurk ta it ferlingjen yn it fean fan Noard- en Súdbarge, en fan de sydtakkke nei it Amsterdamscheveld foltôge. Yn 1863 waard it kanaal mei noch 1950 jellen ferlinge.

De streek dêr't de Ferlinge Hoogeveense Vaart trochhinne rint, ûntwikkele him en der ûntstiene stikmannich nije feankoloanjes lykas Noordscheschut, Nieuweroord, Geesbrug en Bumaveen (hjoed-de-dei Nij-Amsterdam en Feanoard).

Brêgen en slûzen bewurkje seksje

  • Staphorster Stouwebrêge
  • Rogatbrêge
  • Rogatslûs
  • Osseslûs
  • Nieuwebrugslûs
  • Vlinderbrug
  • Tweelandebrug
  • Fytsbrêge Krakeel
  • Edisonbrêge