Turfstekke
Turfstekke is by de drûge ferfeanting it fuortstekken fan de heechfeanlaach dy't bleat komd is te lizzen nei it weiheljen fan de bonkierde.
Ferskillen
bewurkje seksjeIt turfstekken wie yn elke streek oars organisearre en bard yn elke streek mei oar ark dy't ek per streek oars neamd waarden, en dan feroare dat alles ek noch yn de rin fan de tiid. Boppedat waard it proses beynfloede troch de winske soarte turf.
Ploech
bewurkje seksjeRûchwei kin steld wurde dat it turfstekken barde troch in ploechje fan in stik of fjouwer persoanen. Dat koenen folwoeksen manlju wêze, mar ek wol froulju en jonges. Ien fan de turfgravers stie wat fierder nei boppen om mei in stikker it fean op maat te snijen. Wat leger stie in twadde turfgraver dy't mei it opskot of de oplizzer de turven losstuts en op in slachkroade sette. Troch oare leden fan de ploech waard dy kroade, beladen mei 12 oant 20 turven dy't byelkoar wol 70 kilo wêze koenen, nei it setfjild riden. De turfgraversploech kon sa op ien dei sa'n 6.000 turven meitsje. Mei in houten stok fan acht foet (sa 250 sm), foarsjoen fan koperen nonnen (as ûnderferdieling), waard de deiproduksje metten troch de stokkebaas (opsichter). Elk jier waard 1 a 1,5 meter ôfgroeven.
Graafseizoen
bewurkje seksjeDer waard mar sa'n 12 wike jiers turfstutsen. Der waard healwei maart begûn: troch earder te begjinnen soe troch froast oan de grûn de turf oantaasten wurde kinne. Ein juny waard stoppe, om net de kans te rinnen dat de turf net mear drûch waard.
Nei it wurk yn de turf begûn it wurk by de boer: meanen, haaien, slatten, stikelmeane, neigershaaie, gerskjen, yn de ierappels of oar gewaaks. Yn de wintertiid wie it dreech om wurk te finen.
Tekening
bewurkje seksjeTekening fan it turfstekken- en drûgjen (fan de Sealterske Wikipedy):
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Turf fan Wikimedia Commons. |