Keunstdong is it guod, dat net fan biologysk komôf is, en brûkt wurdt foar de befoardering fan it waaksen fan gewaaksen. It befettet alle fiedingseleminten dy't keunstmjittich wûn wurde. Silisalpeter is bygelyks fan organysk komôf, mar wurdt keunstmjittich yn in fabryk ferwurke en wurdt as keunstdong beskôge.
. Dat stiet foar organyske dong oer, dat de trochgong fan bisten of gêste resten fan planten en bisten. Hast alle keunstdongstoffen binne sâlten en wurde yn de gongbere lânbou brûkt. Yn de biologyske lânbou wurdt gjin keunstdong brûkt.

In keunstdongstruier
Patintkaly
Silisalpeter
Kiseryt
Dolokal
Tripelsuperfosfaat
Kalkammonsalpeter

Al tûsenen jierren waard mei it ferbetterjen mei de fruchtberens fan de boaiem dierlike dong en oare organyske stoffen brûkt. Sûnt de tiid fan Karel de Grutte waard it trijeslachstelsel brûkt en hâldt de fruchtberens yn stân en bestriidzje plantesyktes. Dy metoade wie lykwols djipsinnich en net doelmjittich. Om 1800 hinne kaam der dan ek in ein oan dy metoade. Yn pleistosene geaen waard fan de Midsiuwen ôf ek wol de leechstâlmetoade brûkt. Dêrby wie in reedlik grut oerflak fan mienskiplike grûn nedich om skieppedong te produsearjen, dy't dan mingd mei heideplaggen, op de ikkers ferspraat waard. Dêrby ûntstie krunich lân. Der wie winliken in rûntegong, mar grutte stikken grûn koe net streekrjocht foar fiedselproduksje brûkt wurde, dat in beheining wie foar de hoemannichte minsken dy't fiedsel nedich hiene.
Om 1850 hinne waard it greidlânbewetterjen brûkt. Fiedselryk wetter waard dêrby oer ûnfruchtber lân hinne laat, dat dêrtroch as healân brûkt wurde koe. Dat hea waard brûkt as foer foar kij en hynders. Harren dong waard dan wer brûkt foar it útwreidzjen fan it oerflak oanmakke lân. Dy metoade wurke allinne as fiedselryk wetter oanfierd wurde koe. Boppedat frege de metoade in soad arbeid, want de bewetteringssleatten moasten faak hekkele en útdjippe wurde. Ek bleau de beheining fan de hoemannichte dong, dat ta beskikking wie, as probleem bestean.
Der waard fierder yn de lânbou nei mooglikheden socht en ferbetterje de fruchtberens fan de boaiem. Der waard besocht mei bepaalde fiedingssâlten, en om 1500 hinne waard guano út Súd-Amearika bekend. Karel I fan Ingelân liet yn 1630 oplossing mei salpeter besykje. Salpeter waard benammen foar buskrûd brûkt en wie dus net altyd ta beskikking foar de lânbou. Om 1800 hinne trúnde Alexander von Humboldt oan op grutskalich gebrûk fan guano.
Albrecht Thaer (1752-1828) wie ien fan de earsten dy't de problemem fan de fruchtberens fan de boaiem op wittenskiplike wize oanpakte. Hy ûntwikkele de humus-teory. Neffens Thaer wie de humus, dêrby't dong, húskeguod, ensafuorthinne, alle needsaaklike fiedingsstoffen foar planten befetsje. It probleem lei lykwols yn it ta beskikking dêrta en de oanfier dêrfan.
De Dútser Justus von Liebig (1803-1873) lei de grûnslach foar de útfining fan keunstdong. Von Liebig ûndersocht presys hokker eleminten planten nedich hiene. Dêrnei begûn er in proef mei keunstdongjeften. Von Liebig ûnderskate trije wichtige fiedingsstoffen: stikstof (N), fosfaat (P2O5), en kaly (K2O). Dy moasten tatsjinne wurde yn in ferhâlding fan likernôch 1 : 0,35 : 1,4. Fansels ferskilde dat de grûnsoarte en de plantesoarte. Njonken dy wichtige fiedingsstoffen fûn Von Liebig sekundêre fiedingsstoffen ek wichtich, lykas kalsium, en spoareleminten, lykas magnesium, boar, koper en oaren.Von Liebig wie, kreksa as Albert Einstein, kritysk oer it gebrûk fan keunstdong foar ferneatigingswapens. Ek seach er it tefolle keunstdongstruien as gefaar fan it boaiemlibben. Op basis fan 'e teoryen fan Von Liebig eksperimintearre de Ingelsman John Bennet Lawes (1814-1900) fan 1837 ôf mei it gebrûk fan keunstdong. Yn 1842 frege (en krige) er in oktroai foar syn úteinlike keunstdonggearstalling.
As grûnwurk foar de earste keunstdongsoarten tsjinnen natuerlike ôfsettings fan dierlike produkten, sa as guano, dat in soad silisalpeter befettet, fan seefûgels, dat ôfsetten is op in soad lytse eilannen, dêr't seefûgels tûsenen jierren bret hawwe en dêr't it troch de ûntbrekkende reinfal ek net fuortspielde, en flearmûzestront (bat guano), dat ek foar tûsenen jierren yn grotten opheape wie (6% N, 8% P2O5) út Perû en Argentynje. Dy natuerlike foarrieden wiene al gau dien.

Haad- en spoareleminten

bewurkje seksje

Dong fan bisten en keunstdong hawwe beide it doel de boaiem oan te foljen mei stoffen, dy't nedich binne foar it optimaal waaksen fan gewaaksen. Der wurdt ûnderskied makke yn haad- en spoareleminten. Fan de haadeleminten wurdt by it waaksen in soad opnaam. Spoareleminten wurde yn lytsere hoemannichten opnaam, mar hearre wol ta de wichtige fiedingsstoffen. Alle tolve fan dy eleminten binne needsaaklik, sûnder ien fan dy eleminten kin in plant brekme sjen litte.

Haadeleminten

bewurkje seksje

De haadeleminten binne stikstof, fosfor, kalium, kalsium en magnesium.

Spoareleminten

bewurkje seksje

De spoareleminten binne de metalen izer, sink, molybdeen, boar en mangaan

Yn 1910 slagge it Fritz Haber om as earste stikstof út 'e loft om te setten yn ammoniak neffens it Haber-Boschproses Dat proses kostet in soad enerzjy yn de foarm fan ierdgas. Ammoniak is de grûn fan de moderne stikstofdongstoffen.

Keunstdongstoffen

bewurkje seksje

Keunstdongstoffen besteane út inkelfâldige dongstoffen of in mingsel fan eleminten, de mearfâldige dongstoffen. Dêrnjonken komme se foar yn fêste en floeibere foarm. In goed gearstalde dongstof soe alle 12 eleminten befetsje moatte foar in goede plantegroei.
Njonken alle sâlten is der ek noch in organysk bûn stikstof, dat gemysk wûn wurdt: uréum. Dat wurdt ûnder oaren brûkt as blêdbedonging yn de fruittylt. Yn de grientetylt ûnder glês wurdt in soad op wetter tyld, dêr't de nedige dongstoffen oplosse.
Om't guon dongstoffen reaksjes meiïnoar oangean kinne en dan net-oplosbere produkten jaan, wurdt der wol gebrûk makke fan in saneamde A-bak en in B-bak of fan in automatisearre opstelling, fan dêr't it elemint floeibere keunstdong jûn wurdt.

Gehalte-oantsjuttings

bewurkje seksje

Yn de keunstdongyndustry wurde de gehalten oan stikstof, fosfor en kalium oanjûn yn de NPK-tallen. Benammen de tallen foar fosfor en kalium hawwe in ekstra taljochting, as ek sa foar dy fan magnesium, swavel en guon oare metalen:

  • It fosforgehalte is in persintaazje dat oanjûn wurdt as al it fosfor oanwêzich is as difosforpenta-okside (P2O5).
  • It kaliumgehalte is in persintaazje dat oanjûn wurdt as al it kalium as dikaliumokside (K2O).
  • It magnesiumgehalte wurdt oanjûn as magnesiumokside (MgO).
  • It swavelgehalte wurdt oanjûn as swaveltriokside (SO3).

De komôf fan dy oantsjuttings is fan de eardere gravimetryske metoade, dêr't alle oanwêzige fosfor, kalium, magnesium en swavel omsetten waard yn de okside en dan wage waard. De oksiden sels sitte net yn de keunstdong, want dy binne tige reaktive, hygroskopyske stoffen dy't de keunstdong gefaarlik meitsje foar it brûken en boppedat meitsje se, troch it oanlûken fan focht, fan it keunstdongpoeier in blok dat net te brûken is. Magnesiumokside lost min op yn wetter en it magnesium soe pas foar de planten ta beskikking komme nei't it okside mei in soer reagearre hat.

Inkelfâldige dongstoffen

bewurkje seksje
Gearstalling Namme keunstdong
21% N ((NH4)2SO4) swavelsoere ammoniak
46% N (koalsoerdiamide) uréum
32%NaNO3 (15,5%N)+ 0,2% Boar + 37%Na2 silisalpeter of natriumnitraat
15,5% N (Ca(NO3)2) kalksalpeter of kalsiumnitraat
15% N (Ca(NO3)2) + 9 % MgO stikstof plus
27% N (NH4NO3) + 6% CaO) kalkammonsalpeter
30% K2O + 10% MgO + 42% SO3 (17% S) Patintkaly
48-50% K2SO4 kaly gloarearm (swavelsoere kaly)
KCl + NaCl kalysâlt 20% (20% K2O), 40% of 60%
17, 18 of 20% P2O5 superfosfaat
35% P2O5 dûbelsuperfosfaat
45% P2O5 tripelsuperfosfaat
14-18% P2O5 (sitroensoer) Tomasslakkemoal
80% CaCO3 + 19% MgO dolokal (60 soerbinende wearde)
27%MgO + 55% SO3(22% S) kiseryt
25% Cu (CuSO4) koper(II)sulfaat
likernôch 20% Co (CoSO4) kobalt(II)sulfaat
25% Mn (MnSO4) mangaansulfaat
1-3% Cu (CuSO4) koperslakkeblom
3% Mo molybdeenfrit

Mearfâldige dongstoffen

bewurkje seksje
  • NPK dongstoffen: ûnder oaren 12+10+18 befettet 12% stikstof, wêrfan't 7% N-NH4 en 5% N-NO3, 10% P2O5 en 18% K2 of 15+20+25 keamerplantedong of 12+15+18 túndong
  • Magnesamon: befettet 22% N (NH4NO3) en 7% MgO of 21% N (NH4NO3) en 8% MgO
  • Patintkaly: befettet 30% K2, 10% MgO en 42% SO3 (17% S).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Handbook for the safe storage of ammonium nitrate based fertilizers, European Fertilizer Manufacturers Association, 1992 , URL opsocht op 22/11/2014