Ureum

gemyske ferbining
(Trochferwiisd fan Uréum)

Ureum (fan it Latynske urea) is in stikstofhâldende organyske ferbining mei de molekúlformule (NH2)2CO. Ureum is in ôffalprodukt by de aaiwytstofwikseling yn de lever. It is it grutste stikstofhâldend produkt yn de urine fan bisten en minsken. It hat gjin kleur, gjin geur en lost gau op yn wetter. De pH is neutraal. It wurdt yn de lânbou as dongstof brûkt en benammen yn keunstdong. It wurdt ek as in rûge stof yn de gemyske yndustry brûkt. By it hjitsjen wurdt it ôfbrutsen yn ammoniak en biuret.

Formule fan ureum
Molekúlmodel fan ureum

It waard yn 1727 foar it earst troch Herman Boerhaave beskreaun, dy't it sal nativus urinae neamde.

Ureum is in dongstof foar planten. It kin yn de grûn wurke wurde of op it blêd fan de plant spuite wurde. Planten kinne nitraat (NO3) streekrjocht út it boaiemfocht opnimme, wylst ureum en ammoanium (NH4+) yn de boaiem earst yn nitraat omsetten wurde moat. Ureum splitst yn de amidefoarm en kin streekrjocht troch de plant brûkt wurde by it oanmeitsjen fan aminosoeren. It foardiel fan dy manier fan bedongjen is dat de plant gjin ekstra wetter op hoecht te nimmen. Planten waakse flugger troch stikstof út nitraat en krije in ljochtere kleur fan it ekstra opnimmen fan wetter. By it opnimmen fan amidestikstof wurdt de plant sterker, mar waakst lykmatiger.

De gong fan it omsetten hinget ôf fan de hoemannichte focht yn de grûn en de timperatuer fan de grûn. It omsetten fan uréum ta ammonium duorret by in grûntimperatuer fan 10 °C likernôch twa dagen. Foar it omsetten fan ammonium ta nitraat is by dy timperatuer twa wike nedich. Nitrifisearjende mikro-organismen binne ferantwurdlik foar dy twa prosessen. In stadige omsetting is poityf foar it waaksen, om't it by reinfal net daliks útspielt, en ferminderet de risiko op ferbaarning fan de planten. In grut neidiel is it ferflechtigjen fan de stikstof, troch it omsetten ta ammoniak, dêrtroch't dongstof ferfart en in gruttere kâns op fersmoarging fan de atmosfear.

 
Ureumkerrels

Ut metaan, disoerstof, distikstof en wetter wurdt ureum produsearre. Yn 2004 waard 127 miljoen ton produsearre. Earst wurdt ierdgas kreake om wetterstofgas te produsearjen. Dêrnei wurdt dermei mei stikstofgas út de loft ammoniak makke mei it Haber-Boschproses.

It ammoniak wurdt dêrnei yn ureum omsetten troch in reaksje fan ammoniak mei koalsoer:

  (ΔH= -117kJ/mol @ 110 atm, 160°C)
  (ΔH= +15.5 kJ/mol @ 160-180°C)

Fan de ureum wurdt kerrels makke.

Yn in oplossing fan 32,5 persint yn demineralisearre wetter kin men ureum by tankstasjons krije ûnder de merknamme AdBlue, dat by de katalysator ynspuite wurdt. De by it ferbaarnen foarme stikstofoksiden (NOx) wurde dêrnei omsetten yn wetter en stikstofgas (N2). Swiere diselmoters dy't dy metoade brûke, kinne dêrtroch oan de strange emissynoarmen foldwaan.