Kalkammonsalpeter

Kalkammonsalpeter of KAS is in stikstofhâldende keunstdong yn kerrelfoarm dy't it waaksen fan planten befoarderet. It befettet ammoaniumnitraat en kalsiumkarbonaat (CaCO3). As dolomyt as folstof brûkt wurdt, befettet it dongstof ek magnesiumokside (MgO). Troch de beheinde hoemannichte kalsiumkarbonaat is it dongstof yn de boaiem net alhiel pH-neutraal en wurket it in bytsje fersoerend.
In part fan it dongstof wurket fluch, om't nitraat (NO3) daliks troch de woartels fan de planten opnaam wurdt. It ammonium (NH4+) ion moat dêrfoaroer earst troch it boaiemlibben omsetten wurde ta nitraat, foar't it troch de plant opnaam wurde kin. Dat wurdt nitrifikaasje neamd. It dongstof komt ûnder ferskillende merknammen yn de hannel, sa as bygelyks Nutramon.

Kalkammonsalpeter
Spitskoal mei brekme oan stikstof

Gearstalling

bewurkje seksje
  • Algemien: bestiet út wite kerrels en befettet 27% N yn de foarm fan ammoaniumnitraat en 6% kalsiumkarbonaat (kalkstien). De iene helte fan de stikstof bestiet út NH4+ en de oare helte út NO3.
  • Nutramon bestiet út grize en oranje kerrels en befettet 27% N yn de foarm fan NH4NO3 mei 4% MgO en 6% CaO (leske kalk). De iene helte fan de stikstof bestiet út NH4+ en de oare helte út NO3. It is te krijen by de measte lânboukoöperaasjes en partikuliere hannelers.

Ammoniak is it grûnwurk foar de produksje fan KAS. Ut ammoniak wurdt salpetersoer makke troch dat by ferhege druk (6 bar by it Grande Paroisseproses) oer in katalysatorbêd te ferbaarnen ta stikstofmonokside. Yn in absorpsjekolom wurdt ta einbeslút salpetersoer foarme. By de produkjse fan salpetersoer komt waarmte frij. By dat proses komme de folgjende reaksjes foar:

  • 4NH3 + 5O2 → 4NO + 6H2O (ferbaarnen fan ammoniak)
  • 2NO + O2 → 2NO2 (oksidaasje fan stikstofmonokside ta stikstofdiokside)
  • 3NO2 + H2O → 2HNO3 + NO (absorpsje)

Dêrnei wurdt ammoaniumnitraat út ammoniak troch neutralisaasje fan salpetersoer produsearre. Ek dêrby komt waarmte frij.
Reaksje: NH3 + HNO3 → NH4NO3

Troch ammoaniumnitraat te mingen mei mealle dolomyt (CaMg(CO3)2) yn de ferhâlding 75% ammoniumnitraat en 25% dolomyt wurdt KAS gearstald. Dêrnei wurdt it mingsel granulearre ta in kerrelfoarmich produkt.