Nitrifikaasje
Nitrifikaasje is de biologyske oksidaasje fan ammoanium ta nitryt folge troch de oksidaasje fan dat nitryt ta nitraat. Nitrifikaasje is in wichtige stap yn de stikstofrûntegong fan ekosystemen, dêr't de yn dea organysk materiaal fêstleine stikstof wer ta beskikking komt foar de libjende planten.
De oksidaasje fan ammoanium ta oant einbeslút nitraat bart troch autotrofe baktearjes út ferkillende skaaien. De earste stap ta nitryt wurdt dien troch baktearjes út de skaaien Nitrosomonas en Nitrosospira. De twadde stap ta nitraat wurdt benammen dien troch de baktearjes út de skaaien Nitrospira en Nitrobakter.
De ferskillende soarten baktearjes komme yn de natuer almeast tagelyk foar. It is lykwols mooglik en meitsje in systeem dêr't allinne nitryt makke wurdt. Dêrby wurdt gebrûk makke fan it feit dat ammoniumoksidearjende baktearjes by hegere temperatuer (boppe de 30 °C) hurder waakse as nitrytoksidearjende baktearjes. Op dy manier kin in wettersuveringssysteem makke wurde dêr't ammoaniumoksidearjende baktearjes harren bewarje kinne en nitrytoksidearjende baktearjes net. Dat wurdt it SHARONproses neamd. Yn dat systeem wurdt it oanmakke nitryt dêrnei troch middel fan denitrifikaasje ta stikstofgas makke. As denitrikifaasje útbliuwt en dat de pH himsels net oanpast, stoppet de nitrifikaasje, as gefolch fan fersuorring, as likernôch 50 persint fan it ammoanium omsetten wurdt ta nitryt.
Reaksjes
bewurkje seksjeHydroksylamine is in yntermediêr in dat proses. De foarming fan H+ jout oan dat nitrifikaasje in fersuorjend proses is.
- Twadde stap fan nitryt ta nitraat
- 2 NO2− + O2 → 2 NO3− + enerzjy (ΔG°' = −76 kJ/mol)
- Totale reaksje
- NH3 + 2 O2 → H3O+ + NO3− + enerzjy