Skutslûs

(Trochferwiisd fan Fallaat)

In skutslûs (ek wol: fallaat, ferlaat of syl) hâldt it wetterpeil fan in rivier of kanaal yn stân, mar makket yn tsjinstelling ta de keardaam wol skipfeart mooglik.

in skip op it Twintekanaal fart de slûs by Eefde yn rjochting de Isel, by heech wetter.
In oar skip yn de slûs by Eefde rjochting Isel, by leech wetter.
Tijslûs Nijpoartslûs yn Feurne op it kanaal Nijpoart-Duinkerke.
Slûs- en keardaamkompleks ûnder de John S. Thompson Brêge yn Grave.

Wurking fan de skutslûs

bewurkje seksje

De meast bekende foarm fan in slûs is de skutslûs. By in skutslûs sitte twa slûzen ticht by inoar. Mei sketten yn de slûsdoarren kin it wetterpeil tusken de beide slûzen feroare wurde, sadat skippen om en om troch de slûs kinne.

(begjinnend mei de slûs fold op it hege nivo)

  1. Ien of meardere skippen (hege side) farre de slûs yn. Dêrnei slute de slûsdoarren (hege side). De sketten yn dizze doarren geane ek ticht.
  2. De sketten (lege side) geane iepen. De wetterhichte yn de slûskolk sakket.
  3. De slûsdoarren (lege side) geane iepen. De skippen farre de slûskolk út.
  4. Ien of meare skippen (lege side) farre de slûs yn. Dêrnei slute de slûsdoarren (lege side). De skotten yn dizze doarren geane ek wer ticht.
  5. De skotten (hege side) geane iepen. De wetterhichte yn de slûskolk giet omheech.
  6. De slûsdoarren (hege side) geane iepen. De skippen farre de slûskolk út.

It hiele prosedee wurdt no fan foaren ôf werhelle.

By guon slûzen kin it ferfal sa lyts wêze dat it heech- en leechwetternivo wolris omkeard wêze kinne. By sokke slûzen binne de doarren dûbeld útfierd (dus fjouwer pear doarren). In foarbyld fan sokke slûzen binne bygelyks de Houtribslûzen Lelysted yn it farwetter Amsterdam - De Lemmer. In foarbyld yn Belgje fan sa’n tijslûs is de Nijpoartslûs te Feurne op it kanaal Nijpoart-Dúnkerken en de Zennegatslûs op it kanaal Leuven-Dijle dy’t ek in seeslûs is.

Oare slûzen hawwe gjin slûsdoarren mar grutte skowen dy’t yn de útsparrings oan de beide sydkanten fuortrôle (rôldoarren) of optild (hefdoarren) wurde. De slûzen yn it Twintekanaal binne hjir in foarbyld fan. Slûzen mei hefdoarren hawwe in beheinde trochfearthichte, wêrtroch’t bygelyks sylskippen net skutten wurde kinne at se mei steande mêst te heech binne.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • Deltawerken.com oer de Krammerslûzen, dy’t swiet en sâlt wetter skiede, mar ek trochgong jouwe oan de skipfeart. Mei animaasjes.
 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

sluice