Ruiten-Aa-kanaal
It Ruiten-Aa-kanaal is in kanaal in it easten fan Grinslân tusken Veelerveen en Ter Apel. It tsjinnet foar it ôfwetterjen en is tagelyk ek te befarren foar de rekreaasjefeart mei in beheinde djipgong. By Ter Apel ferbynt it kanaal mei it Ter Apelkanaal en yn Veelerveen komt it tegearre mei it Mussel-Aa-Kanaal yn it B.L. Tijdenskanaal. It Ruiten-Aa-kanaal leit beëasten de lytse rivier de Ruiten Aa, dêr't it nei neamd is, en dêrfan't it in grut part fan de funksje foar wetterôffier oernaam. By Vlagtwedder-Veldhuis ûnderbrekt in lieding de rin fan dy beek, en fiert it grutste part fan it wetter fan de Ruiten Aa op de hichte fan Vlagtwedde ôf oer it Ruiten-Aa-kanaal.
It Ruiten-Aa-kanaal ûntstie op oansetten fan de Vereniging ter bevordering van de kanalisatie van Westerwolde, dy't oprjochte waard troch Boelo Luitjen Tijdens. Dy feriening wie ornearre en help Westerwâlde tsjin de wetteroerlêst dy't ûntstie nei de feanterij fan it Boertanger Fean. Yn 1920 kaam it Ruiten-Aa-kanaal ree. It hie tagelyk in ôfspjalting nei Bourtange en krige acht slûzen:
- Slûs by Veelerveen (No II)
- Slûs by Vlagtwedde (No III)
- Slûs by Bourtange (No IV)
- Slûs by Wollinghuizen (No V)
- Slûs by Jipsinghuizen (No VI)
- Slûs by Sellingen (No VII)
- Slûs by Zuidveld (No VIII)
- Slûs by Ter Apel (No IX)
Nei de Twadde Wrâldkriich ferlear it kanaal syn funksje foar de beropsfeart en waard it foar de skipfeart ôfsletten en de ôfspjalting nei Bourtange waard tichtsmiten. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren fan de tweintichste iuw waard foar de toeristyske ûntjouwing fan Westerwâlde it kanaal fannijs iepene. It kanaal krige selsbetsjinningslûzen en -brêgen. De ôfspjalting nei Bourtange waard fannijs groeven.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ruiten-Aa-kanaal fan Wikimedia Commons. |