De Maten
De Maten is in buorskip yn de eardere gemeente Vlagtwedde, no gemeente Westerwâlde, (provinsje Grinslân) besuden Ter Apel. It plak hearde foar it oanlizzen fan de autowei N366 ( Stedskanaal-Haren, Dútslân) ta de gemeente Emmen. No lizze der noch mar inkele huzen oan de Zanddijk yn de âlde gemeente. Tagelyk gienen ek de lânboukompleksen Nieuwe Maten en De Maten bewesten de Runde oer nei Grinslân. Fierder nei it suden kamen de Veemker Maten by Drinte; dêr waard de Runde de eastgrins. De wegen Maten en Matenwei ferbine it doarpke mei Munnekemoer, it meast súdlike plak fan Grinslân.
De Maten | ||
Lokaasje De Maten yn de eardere gemeente Vlagtwedde | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerwâlde | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 225 2013 | |
Oerflak | 3,82 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9561 | |
Koördinaten | 52° 52' NB, 7° 4' EL |
It plak is in buorskip en falt ûnder Ter Apel, mar hat lykwols in beboude kom en dus blauwe plaknammebuorden.
De namme komt fan maat, dat betsjut dat in stik greidelân yn ien dei mei de seine meand wurde kin. De namme kin ek ôflaat wâze fan it Nederlânske wurd made dat miede betsjut.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |