Plaknammeboerd
In plaknammeboerd of komboerd is in boerd dat by de yngong fan in plak stiet. Under de plaknamme stiet de gemeente wêryn't it plak him befynt, utsein wannear't de plaknamme lyk oan de gemeentenamme is.
Nederlân
bewurkje seksjeYn Nederlân hat it komboerd de status fan in ferkearsboerd neffens de RVV fan 1990. In komboerd jout ek altyd in maksimale gong fan 50 km yn it oere oan, lykwols stiet dit der ta ferdudliking meastentiids noch ûnder. Somtiden wurdt in hegere tastiene gong oanjûn (rûnwei) of in legere gong (wenwyk).
By it yngean fan de beboude kom stiet it standert plaknammeboerd, by it ferlitten fan de beboude kom stiet der hast itselde boerd, mar mei in reade skeane streek troch de namme. By guon plaknammen makket dy streek it lykwols net altyd maklik te lêzen. Oant de ynfiering fan RVV 1990 waard by it ferlitten fan de kom nea in plaknamme neamd, mar bestie it boerd allinne mar út in blau flak mei trije of fjouwer skeane wite streken. Op guon plakken binne sokke buorden noch wol oanwêzich. Faak is der ûnder it boerd in oar boerd befêstige mei in tekst dat der by it ynriden fan in plak "Wolkom" en by it ferlitten "Oant sjen" stiet.
By in buorskip is der almeast gjin sprake fan in offisjel beboude kom. Dêr kin in standert komboerd, dat nammers in leger maksimum gong gebiedt, net brûkt wurde. Dêr stiet dan faak in plaknammeboerd yn negatyf: in wyt boerd mei blauwe of swarte letters. Der binne lykwols ek wol útsûnderingen fan buorskippen dy't al in offisjel beboude kom hawwe. Dêr wurde dan al standert blauwe plaknammebuorden pleatst. Dêrtroch ûntstiet wolris betizing dat sokke buorskippen doarpen wêze kinne. Inkelde bekende útsûnderingen binne de Noardbrabânske buorskippen Oventje, Dalem en Walik.
Belgje
bewurkje seksjeYn Belgje wurdt it binnenriden fan de beboude kom oanjûn mei in wyt plaknammeboerd, it bûtenriden derfan wurdt oanjûn troch itselde boerd mei in line der trochhinne. Dizze buorden jouwe ek de byhearrende ferkearsrigels oan, sa as de maksimale snelheid fan 50 km yn it oere.
Twatalige plaknammebuorden
bewurkje seksjeSûnt de fyftiger jierren fan de tweintichste iuw stiet in Fryslân njonken de Nederlânske namme almeast ek de Fryske namme op de plaknammebuorden. Guon gemeenten kieze derfoar allinne de offisjele namme op de buorden sjen te litten, yn bygelyks Dantumadiel binne dat de Fryske en yn Eaststellingwerf de Nederlânske. Yn Sealterlân en Noard-Fryslân steane by guon plakken njonken de Dútske namme ek de Sealterfryske en Noardfryske namme. By Auwerk stiet de Leechsaksyske fariant fan East-Fryslân Auerk op de boerd.
Ek yn oare twatalige gebieten, sa as Ierlân, Skotlân, Wales, Bretanje, Baskelân, Galysje, Kataloanje, Súd-Tirol en Ystrje binne twatalige plaknammebuorden.
-
Rafio? De reade line makket de namme fan it plak somtiden dreech om te lêzen
-
In Belgysk plaknammeboerd
-
Plaknammeboerd yn Dútslân
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Plaknammeboerd fan Wikimedia Commons. |