De Wite Peal (kamp)
De Wite Peal wie in earder wurkkamp oan de Kampweg by Reahel by Sint Jansgea/Rotsterhaule. Yn dit barakkekamp sieten fan 1951 oant 1960 de Amboneeske moslims.
Skiednis
bewurkje seksjeWurkferskaffing
bewurkje seksjeYn de jierren tritich waard yn it ramt fan de wurkferskaffing troch wurkleaze manlju begûn mei de ûndjippe plasse Rohelster Wijde drûch te lizzen. Yn 1940 waard Kamp De Wite Peal boud yn opdracht fan de Rykstsjinst foar de Wurkferromming. It kamp waard neamd nei de wite peal dy 't op de grins stie fan de gemeenten Skoatterlân (letter Haskerlân) en Doanjewerstâl. Yn de simmer fan 1940 kaam it kamp klear. De manlju diene ûntginningswurk. Op 1 maaie 1942 kaam hjir in ein oan.
Joadsk wurkkamp
bewurkje seksjeOp 14 augustus 1942 waard it kamp troch de Dútske besetter brûkt as wurkkamp foar 120 Joadske arbeiders. Nei oardel moanne waarden de twangarbeiders yn de nacht fan 2 oktober op 3 oktober ôffierd nei Kamp Westerbork.
Moluksk wenoarde
bewurkje seksjeNei de oarloch waard it kamp brûkt troch repatriearden út Dútslân. Ek wie it in fakânsjekamp foar bern.
Yn 1957 sieten der 81 ambonezen dy't yn it KNIL fochten hienen, en no tydlik ûnderbrocht waarden ynkampen yn ôfwachting fan in eigen Molukse steat. Se hienen hjir ek in eigen moskee, de twadde fan Nederlân.
De barak hie in oantal keamers foar de ferskillende húshâldings. Der wiene seis dûzen foar de op syn meast 130 bewenners en in mienskiplike koken. Benammen de winters makken grutte yndruk op de bern. Se seagen foar it earst bern út Rotsterhaule mei redens ûnder de earm dy't te riden giene op de Tsjûkemar of de sleatten by it kamp.
Yn 1960 waard it kamp sletten en ferhuzen de Molukkers nei Kamp Ybenheer by De Fochtel. Op 8 febrewaris 1961 waarden de barakken en grûn ferkocht.
Neitins
bewurkje seksjeBy gelegenheid fan it sechtichjierrich betinken fan de komst fan de Molukkers is op oanstean fan de histoaryske feriening Út Eigen Gea in tinkteken delsetten in de foarm fan in wite gemeentegrinspeal. Neist de namme Kampstrjitte en de namme fan de Fuotbalferiening De Wite Peal binne der gjin taastbere herinnerings oan it kamp.
Tekst op it tinkteken:
Tekst eastside | Tekst noardside |
---|---|
Rijkskamp De Wite Peal tot 1961 |
werklozenkamp 1942 kamp voor Joden 1951 - 1960 Ambonezenkamp |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|