Haskerlân
Haskerlân (Nederlânsk en offisjeel: Haskerland) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 15.667 ynwenners en besloech in oerflak fan 95,94 km².
Haskerlân | |
---|---|
Heremastate, it âlde gemeentehûs fan Haskerlân, op 'e Jouwer. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Haskerlân | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | De Jouwer |
grutste plak | De Jouwer |
ynwennertal | 15.667 (1981)[1] |
befolkingstichtens | 163,3 / km² |
oerflak | 95,94 km² |
tal doarpen | 13 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Haskerlân Gritenij Skoatterlân (diel) |
1851 – 1934 | Gem. Haskerlân Gem. Skoatterlân (diel) |
opheft | 1984 |
opgien yn | Skarsterlân Lemsterlân |
no part fan | De Fryske Marren It Hearrenfean |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme Haskerlân ferwiist oarspronklik nei haske of heesc: in gerssoarte. In populêre ferklearring ûnder de befolking wie lykwols dat it fan it wurd hazze komme soe.
De gritenij Haskerlân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.
Yn 1934 rekke de gemeente in stik lân ten easten fan it hjoeddeiske Nijehaske kwyt oan de dan nij te foarmjen gemeente It Hearrenfean. It plakje It Hearrenfean wie nammentlik grut wurden en oer de grinzen fan trije gemeentes groeid. Haskerlânsk buorgemeente Skoatterlân gie foar it meastepart op yn dizze nije gemeente. Mar it westlike diel fan dy gemeente, mei de doarpen Dolsterhuzen, Reahel, Rotstergaast, Rotsterhaule, Rottum en Sint-Jânsgea, waard by Haskerlân foege.
By de gemeentlike weryndieling fan 1984 is Haskerlân mei it oanbuorjende Doanjewerstâl opgongen yn de nije gemeente Skarsterlân, útsein Dolsterhuzen, dat by Lemsterlân kaam is.
Plakken (1983)
bewurkje seksjeDe gemeente Haskerlân hie trettjin doarpen. It haadplak wie De Jouwer.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Fryske doarpen
- Fryske gemeenten
- List fan grytmannen fan Haskerlân
- List fan boargemasters fan Haskerlân
- List fan Gritenijsekretarissen fan Haskerlân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|