Wapen fan Haskerlân

It gemeentewapen fan Haskerlân waard fêststeld op 25 maart 1818. It wurdt omskreaun as
Fan lazuer beladen mei in rinnende hazze yn syn natuerlike kleur op in griene grûn. It skyld dekt mei in kroan fan goud. De kroan hat trije blêden en twa pearels.

Gemeentewapen fan Haskerlân

It wapen is in sprekkend wapen, mei in lytse hazze, in haske dus.