Aldehaske
Aldehaske (earder Hasca) is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren dat om de krusing Jousterwei - Badwei ûntstien is. Aldehaske groeit stadichoan tsjin It Hearrenfean oan.
Aldehaske | ||
Tsjerke fan Aldehaske | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.890 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A7 | |
Postkoade | 8465 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 57' NB, 5° 52' EL | |
Strjitte yn Aldehaske | ||
Offisjele webside | ||
Webstee fan Aldehaske | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Alde Ouwer yn de eardere gemeente Skarsterlân |
Aldehaske hie op 1 jannewaris 2023 1.890 ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeIt doarp, dat oant it ûntstean fan Nijehaske gewoan De Haske hiet, is it âldste doarp fan de eardere gritenij en gemeente Haskerlân. It moat al yn de 13e iuw bestien hawwe en krige om 1300 hinne in eigen kapel. De namme 'Haske' ferwiist nei in stik lân, begroeid mei strewellen en lytse beamkes. Troch de feanterij yn it gebiet, dy't al yn de 16e iuw geande wie, koe it doarp him ûntjaan.
Doe't 200 jier letter de Gitersken nei it gebiet kamen om fean ôf te graven, groeide it ynwennertal fan beide doarpen hurd. Dizze lju út de kop fan Oerisel brocht in nije ferfeantingsmetoade nei Fryslân, dy't grutte wetterplassen ta gefolch hie. Troch dy wize fan feanterij is it natuergebiet Nannewiid ûntstien, dat súdwest fan Aldehaske leit.
Aldehaske lei oant 1984 yn sawol de gritenij as de gemeente Haskerlân, dy't dêrnei opgie yn de gemeente Skarsterlân. Yn 2014 gie dy gemeente op yn de nije gemeente De Fryske Marren.
Doarpswapen en flagge
bewurkje seksjeIt wapen hat in giele bargekop op in grien flak. Boppe it weagjende patroan stiet in sulverkleurich skyld mei in springende reade hazze tusken twa turven. It griene flak ferwiist nei de greiden om Aldehaske; de bargekop komt fan it ferske Yn 'e Haske hinget in barch yn 'e beam. De sulveren weagen binne fan it Nannewiid en de hazze is in ferwizing nei Aldehaske yn it eardere Haskerlân.
- de baarch
Der binne meardere legindes oer de baarch; dit is in bekende: de slachter fan Aldehaske (Andries Obbes) hie ris in baarch farsk slachte en oan in appelbeam hong om út te lekjen (it slachte bist waard dan faak op in ljerre spand). Krekt op dat stuit kaam in tram foarby en de fleurige reizgers begûnen dit ferske te sjongen:
- Yn 'e Haske hinget in baarch yn 'e beam,
- baarch yn 'e beam,
- baarch yn 'e beam,...
(ensafuorthinne, ensfh.. de hiele wei nei De Jouwer ta; eartiids rûn in tram fan It Hearrenfean oer Aldehaske nei De Jouwer)
Fladdeteater
bewurkje seksjeYn de pleats fan Jan Hettinga siet in partikulier teater: It Fladdeteater. De kabaretgroep Samar treedt dêr op.
Mienskip
bewurkje seksjeDe doarpskrante fan Aldehaske hjit "De Baerch". Der binne twa basisskoallen, de kristlike "De Tarissing"en de iepenbiere "It Haskerplak". It pjutteboartersplak hjit "'t Bargeboskje" yn it doarpshûs. Fierder is der in berneopfang "De Lytse Haskes. It doarpshûs is hûsmanne yn it Kulturhûs, dat in multyfunksjoneel sintrum is.
- Eardere hurdriderscoach en -kommentator Henk Gemser wennet yn Aldehaske.
- Ek skriuwster Lida Dykstra (*1961) komt fan De Haske.
Berne yn Aldehaske
bewurkje seksje- Sjoerd de Vries (1941-2020), byldzjend keunstner
- Minne Modderman (1948), fuotbalskiedsrjochter
Ferstoarn yn Aldehaske
bewurkje seksje- Thijs Klompmaker (1903-1987), reedrider
- Hartman Hoekstra (1926-2007), politikus
Tsjerke
bewurkje seksjeFerienings
bewurkje seksje- tennisferiening De Greveling
- S.H.E.L.L.” (sport hâldt elk lichem linich)
- Fuotbalferiening Aldehaske
- follybalferiening Aldehaske
- Feestkommisje Alde- en Nijehaske
Ferskaat
bewurkje seksje- In soad minsken kenne it ferske En yn De Haske siet in baarch yn de beam, ....
- Yn it Nannewiid wie in natuerswimbad. De klaaihokjes binne yn 2002 sloopt.
- Utjouwerij KFFB sit yn Aldehaske (Dick Eisma)
Iepenbier ferfier
bewurkje seksje- Line 95: It Hearrenfean - Nijehaske - Aldehaske - Haskerhoarne - De Jouwer - Terherne - Jirnsum - Reduzum - Wytgaard - Ljouwert
- Line 191: It Hearrenfean - Nijehaske - Aldehaske - Haskerhoarne - De Jouwer - Twellingea - Snits
Strjitten yn Aldehaske
bewurkje seksjeAlle strjitten yn Aldehaske.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |