Twellingea

Twellingea is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, krekt súdeast fan Snits. De ynwenners fan Twellingea neame harren doarp ek wol Twellegea. Oant 2011 lei Twellingea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Twellingea
Doarpssicht
Doarpssicht
Sifers
Ynwennertal 404 (2022) [1]
Oerflak 5,54 km²
werfan lân: 4,30 km²
werfan wetter 1,24 km²
Befolkingsticht. 94 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân vlag.svg Súdwest Fryslân
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 00' N 5° 42' E
Offisjele webside
topentwelonline.nl
Kaart
Twellingea (Fryslân)
Twellingea

BeskriuwingBewurkje

It doarp, dat oan it Ges en de Easterbrêgesleat leit, foarmet tegearre mei Toppenhuzen it twillingdoarp 'Top en Twel'. Oan de súdkant fan it doarp leit it Prinses Margrietkanaal, it Ges jout it doarp ferbining mei de Houkesleat. Fia Toppenhuzen hat it doarp oer de wei ferbining mei Snits. De lizzing oan it wetter, ticht by de Snitser Mar, makket it doarp geskikt foar de wettersport.

SkiednisBewurkje

 
Prinses Margrytkanaal by Twellingea

It doarp ûntstie as in wetterdoarp dat bewenne waard troch boeren. Lang bleau ien paad de ferbining oer it lân en foar de rest moast alles oer it wetter barre.

Nei it oanlizzen fan in dyk yn 1866-1868 ûntwikkele Twellegea him net lykas Toppenhuzen as in lintdoarp. De doarpskearn bleau op it wetter rjochte. Yn it suden fan it doarpsgebiet lei súdlik fan de Easterbrêgesleat de buorskip it Súdein, dat him nei de oanlis fan de dyk letter wol as in lint ûntwikkele.

Nei de Twadde Wrâldkriich ûnstie der groei fan it doarp en stadichoan groeide Twellegea oan Toppenhuzen fêst. Troch de oanlis fan it Prinses Margrietkanaal waard it Súdein midstwa snien yn in Lyts Súdein en it Greate Súdein. Yn de twadde helte fan de 20e iuw waard Twellegea in echt wettersportplak.

States en stinzenBewurkje

Yn de omkriten fan Top en Twel wennen yn de lette midsiuwen de haadlingenfamyljes Bonninga, Reinarda en Sjaerda en hienen sadwaande ek hege funksjes. De famylje Reinarda wenne op Reinardastate. Ien fan de Bonninga’s wie troud mei in Reinarda en lettter binne de Sjaerda’s ek wer oan de Bonninga’s lieard. Dat wie yn de tiid fan de Skieringers en Fetkeapers, sa tusken 1450 en 1500. Snits (en ek de Sjaerda’s) wienen Skier en Ljouwert wie Fet. Op 22 maart 1491 hawwe de Fetkeapers de stins fan de Sjaerdas yn Toppenhuzen platbaarnd.

MienskipBewurkje

Sûnt 1918 bestiet Doarpsbelang Toppenhuzen-Twellingea. De Twilling is it doarpskrantsje fan Top-en-Twel. It doarpshûs is ûnderbrocht yn it yn 1980 boude multyfunksjonele sintrum 'It Harspit', dêr't ek de basisskoalle is. It Harspit stiet yn Toppenhuzen.

TsjerkeBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Hermestsjerke (Twellingea).
 
Hermestsjerke
  • Protestantske gemeente Toppenhuzen-Twellingea.

De tsjinsten fan de PKN wurde alle wiken yn de Toppenhúster Jehannestsjerke fierd. De eardere herfoarme tsjerke fan Twellingea wurdt net mear brûkt en is oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke draacht tsjintwurdich wer de namme fan de âlde patroanhillige fan Twellingea, Hermes fan Rome en is de iennige tsjerke mei dy namme. De grifformearden fan Top en Twel tsjerkten yn Toppenhuzen oan de Tsjerkebuorren 51. Dy tsjerke is yn 1999 ôfbrutsen; it oargel fan de grifformearde tsjerke is bewarre bleaun en ferhûze nei de tsjerke fan Turns.

SkoalleBewurkje

 
Doarpskom
  • Kristlike basisskoalle 'It Harspit'. (side)
 
Eardere molkfabryk, letter wettersportsintrum

FerieningsBewurkje

  • Animato - folksdûnsjen [side]
  • Ardito en Euphonia - korpsen
  • Bleach - band
  • Top en Twel Sjongers - shantykoar [side]
  • Kommer en Kwel út Top en Twel - smartlappekoar [side]
  • Ferdivedaasje - toaniel [side]
  • Mienskipsorkest Top en Twel [side]
  • Top en Twel aktyf - feestkommisje [side]
  • Top&Twel - badminton
  • Ferskillende biljertferienings [sjoch side]
  • V&K (Vlugheid en Kracht) - gymnastyk [side]
  • De Grachten - tennis
  • Fuotbalferiening TOP '63 [side]
  • T&T - follybal
  • ZOU - silen
  • De Gravinnepoel - swimmen
  • Oranjeferiening [FB-side]
 
It yn 1947 sletten tramstasjon fan Twellingea

BefolkingsferrinBewurkje

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2015 2020 2022
Ynwenners 473 419 417 350 308 432 374 420 404

BerneBewurkje

StrjittenBewurkje

Binnebaan, Brêgefinne, Brêgesleatswei, Buorren, Bûtebaan, Bybaan, Eastwei, Grutte Súdein, Koartebaan, Langebaan, Leijepoel, Leyesleatswei, Lytse Súdein, Sjuwedyk, Súdwei.

Ryksmonuminten yn TwellingeaBewurkje

Njonken de Hermestsjerke en in pear hûzen fan giele stien oan de Buorren 43 en 45 hat it doarp noch benoardeasten it doarp de 19e iuw boude Geau's Mole, dy't it natoergebiet de Geaupolder bemealt. It spinnekopke docht dat tegearre mei twa Amerikaanske wynmotors, de wynmotors Twellingea 1 en 2.

FerskaatBewurkje

De leden fan it bekende popduo Maywood groeiden op yn Twellingea.

PublikaasjesBewurkje

  • R. Steensma "It Bestek fan de yn 1695 nij to bouwen tsjerke yn Toppenhuzen(1969)"
  • O. Santema "Ta de Skiednis fan Toppenhuzen en Twellegea (1939)"
  • J. van der Bij "Pastoars, dûmnys en tsjerkefolk yn Top & Twel"
  • Sjirk Wybenga en Jan de Jong "De Streek fan Toppenhuzen en Twellegea bylâns" (1984)
  • Doarpsbelang "Mei groetnis fan de Twilling (1994)" - útjûn yn it ramt fan it 75-jierrich bestean fan Doarpsbelang

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
 
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraaisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren