De Kliuw is in buorskip yn de himrik fan Hidaard de gemeente Súdwest-Fryslân. De Kliuw leit op it krúspunt fan de Tsjêbingadyk en de Middelseedyk besuden Hidaard.

Herberch bewurkje seksje

De herberch besúdeasten it krúspunt hjit ek "De Kliuw". Mei oare al ferdwûne iis- en wetterherbergen fan de Galamadammen, Bartlehiem, Bidaard, Aldskou en Burgumerdaam hearde ‘‘De Kliuw’’ by de ferneamde útspanningen fan Fryslân. Yn it neitinken hâldt ‘‘De Kliuw’’ syn namme as plak wêr't minsken by inoar komme en inoar moetsje.

'Undernimmers yn Keunst', oprjochte yn 1991, krige syn namme troch ‘‘de kliuwing fan diken’’, fan dizze âlde fjouwersprong fan diken.