Hartwert

Hartwert is in terpdoarp fan de gemeente Súdwest-Fryslân, east fan Boalsert. It doarp hat likernôch 110 ynwenners (2021). Oant 2011 lei Hartwert yn de eardere gemeente Wûnseradiel. Under it doarp falt de buorskip Blomkamp.

Hartwert
Map NL Wûnseradiel Hartwert.png Himrik fan Hartwert yn de eardere gemeente Wûnseradiel
Flagge Wapen
Flagge fan Hartwert.gif Wapen fan Hartwert.jpg
Sifers
Ynwennertal 110 (2021)[1]
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje flagge fan Fryslân Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân Gemeentevlag.svg Súdwest-Fryslân
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 4' NB, 5° 34' EL
Webside www.hartwerd.com
Hartwerd in de provincie Friesland.jpg
Klokhûs Hartwert
Oegekleastermole Hartwert
Wynmotor Hartwert

SkiednisBewurkje

Der moat al yn it begjin fan de jiertelling bewenning west hawwe yn de omkriten neffens fynsten út de njoggentjinde iuw.

It doarp lei tusken twa kleasters yn: Oegekleaster oan de Boalserter kant en it folle gruttere Blomkamp (1191) net sa fier fan de Middelseedyk. Oant 1332 waarden hjir de lândagen fan Westergoa hâlden. Yn Blomkamp waard yn 1535 in opstân fan 300 werdopers bloedich delslein yn it Belis fan Aldekleaster. Beide kleasters waarden yn 1572 troch de geuzen yn 'e brân stutsen. Yn it wapen fan Hartwert is oer de skiednis in soad werom te sjen: It sulveren krús ferwiist nei it kleaster Blomkamp. It reade hert om't dêr yn de Midsiuwen it hert fan Westergoa sloech: Hjir kamen de ôffurdigen gear út it goa. De leeljes komme út it wapen fan de sistersjenzer kleasteroarder dy't lang mei it doarp ferbûn wie.

Blomkamp waard ek Aldekleaster (Oldeclooster) neamd. Dat kleaster waard yn 1535 beset troch in groep anabaptisten dy't it weromkommen fan Kristus ferwachten. It leger ûnder lieding fan steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch oermastere it kleaster, wêrby't ûngefear 100 deaden foelen oan beide kanten. Letter waarden yn maart 1535 100 anabaptisten ophongen, ûnthalze of fersûpt yn opdracht fan de steedhâlder fan Fryslân. Dat wurdt troch guon de 'grutste moard op protestanten fan Fryslân' neamd.

Op it plak dêr't oant 1771 in tsjerke stien hat, stiet no in betimmere klokkestoel út it twadde fearn fan de 19e iuw.

In pear hûndert meter súdwest fan it doarp stiet de Oegekleastermûne, in spinnekopmûne dy't foar 1930 boud waard. By buorskip Blomkamp stiet de Amerikaanske wynmotor wynmotor Hartwert.

MienskipBewurkje

Oan de Kleasterwei stiet doarpshûs It Terphûs.

FerieningenBewurkje

  • Spui yn 'e want - keatsklup
  • toanielferiening
  • damklup - Yn 2006 waard damclub Hartwert mei Teake Kooistra foar de 25e kear kampioen Frysk Spul. Frysk damjen is krekt wat oars as gewoan damjen. By it Frysk Spul wurdt der skean en rjochtút, mar ek oerdwers slein.
  • "Nocht en Wille" - biljertklup
  • frouferiening Actief Creatief Bezig
  • "De Galm" - klokkeliedersgilde
  • Stifting Monumint Aldekleaster


BefolkingBewurkje

StrjittenBewurkje

Kleasterwei, Middelseedyk, Oldeclooster, Ridderdyk.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hartwert fan Wikimedia Commons.
 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
 
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAbbegeaster RigeAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraaisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenOttebuorrenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren