Haadmenu iepenje
de himrik fan Jutryp

Jutryp (offisjeel Nederlânsk: Jutrijp) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súd fan Snits oan de N354. It doarp hat likernôch 326 ynwenners (2006). Oant 2011 lei Jutryp yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Jutryp leit in pear kilometer besuden Snits. It foarmet in twillingdoarp mei De Hommerts, tegearre ha de doarpen sawat 1000 ynwenners. De twa doarpen bestean foar it grutste part út lintbebouwing oan de provinsjale wei fan Snits nei De Lemmer. Dizze âlde strjitwei is yn 1843 oanlein.

De planning is om de beide doarpen sa stadichoan ien buorren krije te litten mei mienskiplike foarsjennings as doarpshûs, skoalle, sportfjilden en iisbaan. Yn 1999 binne de earste huzen setten oan it útwreidingsplan oan de Louwewei gebouwd. Dy huzen steane ek yn ferbining mei iepen wetter. Troch de Jeltesleat is der oer wetter goede ferbining mei de Súdwesthoeke en midden Fryslân. Tichtby it doarp lizze de Wite Brekken en Swarte Brekken de romte oan toeristen.

FerskaatBewurkje

  • De herfoarme tsjerke mei in klok út 1624 en in âld doopfont is yn de tachtiger jierren opknapt.
  • Foar de natoerleafhawwers hat Steatsboskbehear yn 1992 in fûgelútsjoch hutte boud.

MienskipBewurkje

Doarpshûs Us Gebou stiet yn De Hommerts.

FerieningsBewurkje

BefolkingBewurkje

Iepenbier ferfierBewurkje

StrjittenBewurkje

Binnenpaed, Grevinnewei, Iewei, Krimwei, Louwewei, Riperwei, Sinnewar, Wite Jofferswei

LiteratuerBewurkje

  • W.P.Vellinga - By de Far lâns (1983)
  • W.P.Vellinga - De Geschiedenis van Smallebrugge tot ca. 1800 (1985)

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: