Loaiïngea (offisjeel Nederlânsk: Loënga) is oarspronklik in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, krekt noardeast fan de stêd Snits. It wie ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea. Tsjintwurdich is Loaiïngea net mear in echt doarp, mar in buorskip fan Skearnegoutum.[2]

Loaiïngea
Pasfear
Pasfear
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 47 (2022) [1]
Oerflak 0,26 km, werfan:
- lân: 0,26 km²
- wetter 0,01 km²
Befolkingsticht. 180 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 02' N 5° 40' E
Kaart
Loaiïngea (Fryslân)
Loaiïngea

Skiednis bewurkje seksje

De himrik fan Loaiïngea wie eartiids folle grutter. Dy lei wol oant Goaiïngea en Skearnegoutum en oant oer de Swette ta, dêr't no de noardlike nijbouwiken fan Snits lizze. Der wie doe ek in opfeart nei de Snitser Aldfeart.

It doarp waard yn 1335 Loinghum neamd, yn 1482 Loyngum, yn 1483 toe Lyouns, yn 1505 Loynghum en yn 1718 Loijnga. De namme betsjut wenplak (hiem/um) fan it skaai Loijnga.

 
Klokkestoel

Sûnt 1335 hie Loaiïngea al in tsjerke, dy't oan Nikolaas fan Myra wijd wie. Fanwegen de minne steat fan it gebou waard de tsjerke yn 1745 ôfbrutsen. Op it begraafplak stiet tsjintwurdich ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân. De âlde klok út 1635 waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de Dútsers foardere en omraand en yn 1950 ferfongen troch in nijen-ien.

Nei al gedachten stie al foar 1490 net fier fan de tsjerke de Bonningastins. Yn 1622 stie de stins noch op de kaart fan Winsemius, mar yn 1664 wie dy al ferfongen troch in pleats.[3] Op de hjoeddeiske Snitser wyk Harinxmalân stie mooglik al sûnt it begjin fan de 16e iuw de eartiids ûnder Loaiïngea fallende Harinxma State. Om't der nijbou plak fûn waard yn 2007 op it lân om de oarspronklike lokaasje fan de state argeologysk ûndersyk útfierd. Oer in grut gebiet waarden resten fan boumateriaal fûn út de 16e oant de 19e eeuw, werút bliken docht dat nei de ôfbraak fan de state it lân egalisearre is.[4].

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 makke Loaiïngea diel út fan de gemeente Wymbritseradiel. Yn dat jier waard Loaiïngea mei de doarpen Ysbrechtum en Offenwier by de gemeente Snits foege. Sûnt 2011 leit Loaiïngea yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

De kop-romp-pleats Pasveer is nei in grutte brân yn 1939 yn Fryske styl wer opboud.

Befolkingsferrin bewurkje seksje

 
Ds. S. Huysmanleane 6-8
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2020
Ynwenners 70 92 84 79 68 42 66 42
Jier 2022
Ynwenners 47

Strjitten bewurkje seksje

  • ds Sipke Huysmansleane - Dûmny Sipke Huysmans sette him yn foar it Frysk en wie ien fan de oprjochters fan it Kristlik Frysk Selskip. Op it hôf leit syn sark.
  • Ivige Leane - dizze âlde lean is tige lang en rjocht
  • Oerdyk - omdat er oan de oerkant fan de De Swette leit
  • Pasfeardyk - De namme Pasveer komt op folle mear plakken foar. De waard nei alle gedachten in plak mei bedoeld dy't men op in bepaalde tiid - bygelyks fiif of tsien minuten - foar it sluten fan de stêdspoarte passeard wêze moast om noch op 'e tiid yn de stêd te kommen. De pleats 'Pasveer'leit sawat fiif minuten rinnen fan it ein fan de Easterdy yn Snits, dêr't eartiids de Easterpoarte stie.
  • Sint Martensdyk - nei biskop Martinus fan Tours (316 - 397) oan wa't in soad tsjerken wijd binne.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Súdwest-Fryslân
 
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
wizigje