Abbegeasterketting
Abbegeasterketting , ek wol stavere as Abbegeaster Ketting, is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Abbegeasterketting leit benoardwesten Abbegea oan de Boalserter Feart. Oant 2011 lei Abbegeasterketting yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.
Abbegeasterketting | ||
Brêge oer de De Wimerts by Abbegeasterketting | ||
Polityk | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
himrik | Abbegea | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 40 | |
Oar | ||
Postkoade | 8617 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 01' NB, 5° 34' EL | |
Kaart | ||
Earder stie by Abbegea en by Wolsum, twa doarpen yn de omkriten fan Boalsert, in "kettinghûs". Dêr wie in keatling oer de feart spand om tol fan de skippers ynfoarderje te kinnen. De útbuorrentsjes dêr hawwe no noch de nammen Abbegeasterketting en Wolsumerketting.
Hjoed-de-dei bestiet de buorskip út 15 hûzen en likernôch 40 ynwenners.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |