Tsjerkwert
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2004) | 457 | ||||
Webstee | http://www.tsjerkwert.nl |
Tsjerkwert is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdwest fan Boalsert, mei 457 ynwenners (1 jannewaris 2004). Oant 2011 lei Tsjerkwert yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
TopografyBewurkje
It gebiet fan Tsjerkwert grinzet yn it noarden oan Boalsert, yn it easten oan Wymbritseradiel, yn it suden oan Dedzjum, yn it súdwesten oan Parregea en yn it noardwesten oan Eksmoarre.
It doarp leit oan de eastkant fan de Warkumer Trekfeart, tusken Boalsert en Parregea. Oan de súdkant fan it doarp giet fan de trekfeart it Van Panhuyskanaal nei it westen nei Makkum. Oan de westkant fan de trekfeart leit ek de N359, dêr't it doarp oer in brêge mei ferbûn is. Nei it súdeasten rint de Himdyk nei Blauhûs.
Ta de himrik fan Tsjerkwert hearre ek de buorskippen Aaksens, Arkum, Beabuorren, Ymswâlde, Jonkershuzen en Jousterp.
MienskipBewurkje
It doarpshûs is It Waltahûs. De doarpskrante fan Tsjerkwert is 't Skieppesturtsje. De namme komt fan de bynamme fan Tsjerkwerters. De sjuery bestiet út redaksjeleden fan de doarpskrante. Op it nijjiersbal wurdt de jierpriis fan Tsjerkwert útrikt: De Skieppesturt. De ûnderskieding bestiet út in echte skippesturt út de ienige skiep- en laamsfachtloaierij fan Nederlân, dy fan Van Buren oan de Warkumer Trekwei yn Boalsert. De byhearrende oarkunde wurdt jûn om minsken yn it sintsje te setten dy't yn de rin fan de jierren boppe de grutte grize kloft fan warbere wurkers útstekke.
Untwikkeling ynwennertalBewurkje
StrjittenBewurkje
Arkum, Beabuorren, Boalserterwei, Iemswâlderleane, Himdyk, Jousterperwei, Kade, Tsjerkestrjitte, Rytseterp, Singel, Sylroede, Van Panhuijswei, Waltawei.
Iepenbier ferfierBewurkje
- Busline 44: Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|