Himmelum
Himmelum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, it doarp hie likernôch 500 ynwenners yn 2004 en 591 yn 2011. Himmelum is fan boeredoarp stadichoan mear toeristysk wurden. Oant 2011 lei Himmelum yn de eardere gemeente Nijefurd.
De ierste ynformaasje oer Himmelum is fan 1180. Himmelum hie in stins, in pear states en in kleaster. It frouljuskleaster fan de benediktiner oarder wie ien fan de earste kleasters yn Fryslân. Bûten nonnen wennen der by it kleaster ek beginen. It kleaster wie ôfhinklik fan de abt fan Starum.
Yn de Midsiuwen wennen by Himmelum de aadlike famyljes Epema en Galama.
De Nederlânsk herfoarme tsjerke fan Himmelum is yn 1668 boud op de fûneminten fan de âlde kleastertsjerke. Dizze kleastertradysje hat oan 'e ein fan de 20e iuw in fuortsetting krigen doe't yn it doarp in kleaster fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke fêstige waard.
De measte minsken yn en om Himmelum wiene eartiids boer. In 1896 waard troch de feehâlders de Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Hemelum oprjochte, in wichtige boarne fan wurkgelegenheid foar it doarp. Sûnt 1974 wurdt it gebou brûkt as wettersportbedriuw (û.o. sylskoalle). Yn en om it doarp kamen mear toeristyske bedriuwen, wêrûnder in fillapark.
Oan de gemeentlike weryndieling yn 1984 lei Himmelum yn de eardere gemeente Himmelumer Aldeferd, mei Koudum as haadplak.
Mienskip
bewurkje seksjeIt doarp hat in feriening foar Doarpsbelang. De Himmelumer Feestferiening 'De Wimpel' organisearret in soad dingen, ek yn doarpshûs "De Begine". De Barte is de skoalle yn it doarp.
Tsjerke
bewurkje seksje- Nikolaastsjerke (PKN)
Ferienings
bewurkje seksje- Kromme Keu, De Seleksje en De Klos - biljerten
- Bliuw Sûn - trimmen
- Nea Rest - toaniel
- de Swaeikom - haven
Befolking
bewurkje seksjeStrjitten
bewurkje seksje't Fort, 't Leantsje, 't Set, Abt Aggawei, Buorren, De Klaster, De Maren, De Soal, Flinkeboskje, Hegewei, Mientwei, Moarrepaad, Nicolaaswei, Nijbuorren, Sybren Sytsmastrjitte, Wâlikkers, Wite Burch, Yde B Yntemastrjitte.
Berne yn Himmelum
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |