Beginen
Beginen binne in roomske groep allinnichsteande froulju dy't yn ienfâld en frommens by elkoar wennet sûnder eigentlik kleasterling te wêzen. Oars as kleasterlingen lizze beginen gjin ivige belofte ôf. Al belove se keinens, se meie wol jildlik en ûnreplik guod yn eigendom hâlde. De groep ûntstie foar 1200. Yn de 13e iuw en hjir en dêr yn Fryslân, ûnder oare yn Ljouwert (1285 fermelde) en fierders nei alle gedachten yn it earste Snitser gasthûs (1206-1294). Troch it konsylje fan Fienne yn 1312 waard de groep feroardield. Dan komt in oergong nei goedkarde kleasterregels. Hjirtroch hjitte fransiskaanske tertsiaressen en regularissen letter ek (grauwe) beginen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|