Folsgeare
Flagge fan Folsgeare Wapen fan Folsgeare
Flagge Wapen
Lokaasje fan Folsgeare
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2018) 330↓
Webstee

Folsgeare (Nederlânsk: Folsgare) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan Snits. It doarp hat likernôch 330 ynwenners (2018). Oant 2011 lei Folsgeare yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Folsgeare
De Laurentiustsjerke, wijd oan Laurentius fan Rome

De muontsen fan it kleaster Thabor by Turns en fan it Aldekleaster (Kleaster Blomkamp) by Hartwert hawwe om it jier 1000 hinne holpen by it oanlizzen fan diken yn de âlde Middelsee. De Tsjaarddyk is justjes nei 1100 oanlein om it krekt op de Middelsee wûne lân om de doarpen Nijlân en Folsgare foar oerstreamings te behoedzjen. Op de krusing fan de Tsjaarddyk, Jongedyk en de Mieddyk is de buorren fan Folsgeare ûntstien.

De herfoarme tsjerke út 1875 mei sealdaktoer 1534 binne yn 1961-1962 restaurearre.

It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang. Yn 1988 waard tichtby it sportfjild in nij doarpshûs iepene, Yn 'e Lijte. It hat in beweechber poadium, klaaikeamers foar de bûtensport, in feestseal en in romte foar gearkomsten.

  • Foar de Wyn - toaniel
  • Folsgearster Folk - koar foar shanty en folkmyzyk

It doarp hie oant en mei it skoaljier 2017-2018 in basisskoalle, De Gearrin. De skoalle wie yn 2015 al fusearre mei de skoallen fan Easthim en Abbega, mar dat wie net foldwaande om genôch learlingen te behâlden. De skoalle fusearre dêrom mei dy fan Nijlân en de skoalle yn Folsgeare waard sletten.

Wapen fan Folsgeare

bewurkje seksje

It doarp mei omkriten binne yn it doarpswapen werom te finen: it blau en de gouden leelje komme fan it gemeentewapen en de eardere Middelsee by it doarp, yn de hoeke leit de "Tsjaarddyk". De keper ferwiist nei dizze dykshoeke. Op dizze keper stiet in ruster wêrop Sint Laurentius, de beskermhillige fan de eartiidse doarpstsjerke, dy't hjirop martele wêze soe.

Bekende Folsgearsters

bewurkje seksje

Easthimmerwei, Ekers-Ein, Folsgearsterleane, Garastrjitte, It Werp, Skeender, Tsjaarddyk, Wallemadyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Súdwest-Fryslân  
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  ·   ·