Wûns is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdwest fan Wytmarsum. Oant 2011 lei Wûns yn de eardere gemeente Wûnseradiel. It doarp hat likernôch 285 ynwenners (2011). Under it doarp falle de buorskippen Doanjewier, Haaium, Goaium, Mountsjewier en De Wearen. It eardere doarp Ingwier foel foar in skoft ek ûnder Wûns.

Wûns
Doarpsgebiet fan Wûns yn de eardere gemeente Wûnseradiel
Flagge Wapen
Sifers
Ynwennertal 285 (2021)[1]
Oerflak 12,68 km², wêrfan:
lân: 12,06 km²
wetter: 0,28 km²
Befolkingstichtens 127 ynw. / km²
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 5' NB, 5° 25' EL
Webside Side Wûns
Tsjerke fan Wûns

Skiednis Bewurkje

De earste kear dat Wûns neamd wurdt is as Wildinghe yn 1270 en letter as Woldens. Op de lytse terp hawwe nea huzen stien mar nei alle gedachten waard der earder rjocht sprutsen. Wûns hie 31 stimmen.

Yn 1728 is yn dit doarp, op it stee fan in midsiuwske tsjerke, in achthoekich protestantske tsjerke boud mei piramidefoarmich dak mei in klokkoepeltsje. De âlde klok út 1595 klok waard yn de oarloch meinommen troch de Dútsers. Op de toer stiet, ynstee fan in wenstige hoantsje, in hart. It doarpswapen fan Wûns hat ek in hart. De tsjerke stiet bekend as it Wûnzer teebuske.

De Fryske dichter Jan Cornelis Pieter Salverda, (Boalsert ( 28 juny 1783 - Wûns 7 maart 1836 ) wie skoalmaster yn Wûns. Syn tragyske libbensrin en spjalten persoanlikheid waarden troch syn freon en beskermer Joast Halbertsma oangripend beskreaun. Der sit in tinkstien oan him yn de tsjerkemuorre.

Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich wienen de stellingen Wûns en Koarnwertersân tige wichtich.

Mienskip Bewurkje

 
Komboerd fan Wûns

Oan de Noarderleane stiet doarpshûs It Bynt.

Underrjocht Bewurkje

Wûns hie oant 2015 syn eigen basisskoalle; de JCP Salverdaskoalle.[2]

Tsjerke Bewurkje

Protestanske tsjerke fan Wûns

Ferienings Bewurkje

It doarp hat in stikmannich ferienings: feriening foar doarpsbelang, muzykferiening "Hosanna", sjongferiening "Woldinghekoor", in keatsferiening, in biljertferiening en begraffenisferiening "De Laatste Eer".

Befolking Bewurkje

Strjitten Bewurkje

Goaiumerleane, Haaiumerleane, Tsjerkestrjitte, Noarderleane, Alde Skoalpaad, Pastorijelân, Rykswei A7, Salverdastrjitte (neamd nei Jan Cornelis Pieter Salverda), Terpwei, Wearsterwei, Wildingheleane.

Ferneamde ynwenners Bewurkje

Sjoch ek Bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjes Bewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
 
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraaisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren