Longerhou
| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2004) | 60 | ||||
Webstee | http://www.schettens-longerhouw.nl |
Longerhou is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan Boalsert. It doarp hat likernôch 60 ynwenners (2004). Oant 2011 lei Longerhou yn de eardere gemeente Wûnseradiel. It doarp waard eartiids Langerhou neamd en dêrfoar Langerhove. De tsjerke is fan 1250, mar is yn 1757 yngreven ferboud.
Yn de tsjerke fan Longerhou stiet in preekstoel mei moai houtfykwurk en is in diel fan de 14e iuwske tsjerkeflier mei bewurke tegels te sjen.
Foar 1580 wie it doarp in selsstannige parochy. Nei 1580 foarmen Longerhou en Skettens tegearre ien tsjerklike gemeente. By de reformaasje moast it doarp de dûmny diele mei Skettens; it doarpswapen hat dêrom in krús dat yn twaen dield wurdt. Yn it midden fan de njoggentjinde iuw wie Longerhou it sintrum fan de Frysk Réveilbeweging om dûmny Jan Felix hinne.
Mienskip
bewurkje seksjeDe feriening doarpsbelang is oansluten by de Feriening Lytse Doarpen en komt op foar de belangen fan Longerhou en Skettens. Se komme gear yn doarpshûs De Terp. De doarpskrante hjit Fiadukt. Der is fierders in kommisje foar de boarterstún en in kommisje foar de jierlikse doarpsfeesten Skettens-Longerhou. Der leit in Takomstfyzje foar 2002-2010. De bern geane meast nei skoalle De Trijetine yn Skettens. Winterdeis is der soas op woansdeitemiddei yn De Terp.
Tsjerke
bewurkje seksjeFerienings
bewurkje seksje- Lyts Begjin - kaarten
- Lofstim - koar
- SLS (Sportferiening Longerhou-Skettens) - keatsen
Befolking
bewurkje seksjeMuzyk
bewurkje seksje- In bekend ferske fan J. Slofstra is "Sjouk fan Longerhou".
- Wiebren Altena/Doede Veeman skreaunen "De Ballade fan Longerhou"
- Longerhouster Folksliet
Strjitten
bewurkje seksjeBuorren, Skraarderleane.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|