Skearnegoutum

Skearnegoutum (Nederlânsk: Scharnegoutum) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Oant 2011 lei Skearnegoutum yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp hat likernôch 1630 ynwenners (2021). Skearnegoutum leit trije kilometer benoarden Snits, oan De Swette (Snitser Trekfeart). It is ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea. De ynwenners hawwe as bynamme Sûkerfretters. Under it doapr falle de buorskippen Nijekleaster en foar in part De Pôle.

Skearnegoutum
Map NL Wymbritseradiel Skearnegoutum.png Himrik fan Skearnegoutum yn de eardere gemeente Wymbritseradiel
Flagge Wapen
Flagge fan Skearnegoutum.gif Wapen fan Skearnegoutum.jpg
Sifers
Ynwennertal 1.630 (2021)[1]
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje flagge fan Fryslân Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân Gemeentevlag.svg Súdwest-Fryslân
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 4' NB, 5° 41' EL
Webside www.skearnegoutum.nl
De Martenstsjerke yn Skearnegoutum
It oarlochsmonumint by de Martenstsjerke
Ryksmonumint oan de Swettewei

SkiednisBewurkje

Skearnegoutum is ûntstien op in terp. By opgravings binne yn dizze terp foarwerpen út de 4e iuw fûn. It doarp lei yn it earstoan oan de Middelsee oant dy om 1300 hinne drûchlein waard. Mei de doarpen Loaiïngea, Goaiïngea, Gau, en Offingawier, foarme Skearnegoutum yn de Midsiuwen in ferbûn. Ut dy tiid komt in wapen mei in fiifpuntige stjer dy't de fiif doarpen foarstelt.

Skearnegoutum hie fan 6 juny 1883 oant 15 maaie 1938 in stasjon oan it spoar Ljouwert - Starum. De stasjonskoade fan Stasjon Skearnegoutum wie Sgm. Op 1 juny 1940 waard it stasjon weriepene, mar op 24 novimber fan dat jier waard it wer sletten. Yn 1897 waard it Koöperative Suvelfabryk Skearnegoutum oprjochte. Yn 1972 waard it fabryk sletten.

De fersetsstrider Willem Santema is hjir berne.

DoarpswapenBewurkje

De stjer slaat op de eardere fiif doarpen yn it noarderkertier fan Wymbritseradiel dêr't Skearnegoutum it haadplak fan wie. De kleuren binne ek ûntliend oan it wapen fan Wymbritseradiel. De dwersbalke is De Swette, it wetter dat troch it doarp rint. De earn komt fan it wapen fan Karel V, dat yn de doarpstsjerke ôfbylde is.

MienskipBewurkje

Yn 2010 wie it doarp dwaande foar in nij doarpshûs Elim. Ek húsartsen soenen hjir in romte yn krije. Der binne fiif buertferienings: buorskip Mastenbroek, beskerme wenje Fridsmastrjitte, Willem Santemastrjitte, St Martensdijk en Alddyk. De Doarpsomropper is de namme fan de doarpskrante.

FerieningsBewurkje

  • Krekt sa't Rôlet - Jeu de Bouleferiening
  • De stadige Strikers - damjen
  • De Lakenkrakers - biljerten
  • Sport Staalt Spieren - gymnastyk
  • De Lytse Stuit- keatsen
  • De Skearnetikkers- tennis
  • Swette Switters - follybal
  • Fuotbalferiening Skearnegoutum '70
  • BCS'76 - badminton
  • De Brûskoppen - shantykoar
  • De Fiere Fammen - frouljuskoar
  • Excelsior - korps
  • Stifting Natuergebiet de Flearen/Oer`t Lange Rek

TsjerkeBewurkje

BefolkingBewurkje

StrjittenBewurkje

Alle strjitten yn Skearnegoutum.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Skearnegoutum fan Wikimedia Commons.
 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
 
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraaisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren