Idzegea
Idzegea is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan Heech. It doarp hat likernôch 30 ynwenners (2008). Idzegea is mei Sânfurd sterk op it tichtby lizzende Aldegea oriïntearre. Oant 2011 lei Idzegea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Idzegea ligt oan de Idzegeaster Poel, in poel dy't net folle betsjutting hat foar de wettersport omdat it hast gjin ferbining hat mei oare wetters. Der is wol in camping by.
Troch de komst fan in fytspaad om de Aldegeaster Brekken kin hjir moai fytst wurde. Oan it paad leit it archeologysk monumint "Joadsk tsjerkhôf". Hjir lizze gjin joaden begroeven, mar wierskynlik swalkers út de it tiidrek 1463 oant 1580 doe't it nonnekleaster Nazareth hjir stien hat. Omrinnend folk waard eartiids oantsjutten as joaden.
-
Tsjerke fan Idzegea yn Atlas Schoemaker: Friesland, 1710-1735
Ferskaat bewurkje seksje
- Op it begraafplak mei klokkestoel leit Jan Piebenga begroeven.
- Tusken 1881 en 1929 stie oan de Feandyk de stellingmole Op Hoop fan Zegen.
- De Skriezekrite Idzegea hat yn 2006 de Sulveren Skries wûn.
- Tusken de Tsjerkesleat en it Ringwiel leit in kanorûte.
- By it tsjerkhôf, oan de Klokhúsdyk stiet op in grêfhichte in klokkestoel mei sealtek en waarhoanne. Tichtby is in camping.
Befolking bewurkje seksje
Strjitten bewurkje seksje
Klokhúsdyk.
Sjoch ek bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|