Aldegea (Súdwest-Fryslân)
Aldegea is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Aldegea hat 750 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Aldegea | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 750 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 59' NB, 5° 32' EL | |
Offisjele webside | ||
www.oudega-swf.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Aldegea yn 'e eardere gemeente Wymbrits. |
Mei Idzegea en Sânfurd foarmet Aldegea in soarte fan ienheid, wêrfan Aldegea it sintrum mei foarsjennings is. Alle trije doarpen lizze oan it wetter, oan respektivelik de Aldegeaster Brekken de Idzegeaster Poel en it Ringwiel.
Aldegea is in echt wetterdoarp en njonken de agraryske sektor foarmet it toerisme in wichtige boarne fan ynkommen.
Skiednis
bewurkje seksjeAldegea ûntstie yn 'e midsiuwen oan 'e sleat tusken de Aldegeaster Brekken en de Skûtelpoel. Yn 'e 19e iuw groeide it doarp en krige it in kom oan 'e Aldegeaster Brekken.
Yn 1132 waard it doarp Aldakerke neamd. De oan Martinus fan Tours wijde tsjerke (of kapel) fan Aldegea foel ûnder it Sint-Odulfuskleaster fan Starum en sil doe nei alle gedachten fan hout west ha. Letter krige it doarp in stiennen tsjerke, dy't yn alle gefallen noch oant 1417 ûnder it Starumer kleaster foel. Fan dy yn 1755 ôfbrutsen tsjerke binne yn 1962 fûneminten fûn.[3]
De oarspronklike namme fan it doarp ferwiisde nei de lokaasje fan it doarp by in âlde tsjerke. Yn 1505 waard it doarp Oldegae neamd, doe wie dus de tafoeging kerk yn 'e namme al ferfongen troch 'ga' (gea).
Aldegea hat ek in skoft in stasjon hân oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. Tusken 1890 en 1962 hie Aldegea oan 'e Stasjonswei ek in bûterfabryk. Yn dat lêste jier waard it fabryk sletten en yn 1968 is it fabryk ôfbrutsen. Op it plak steane hjoed-de-dei wentes.[4]
Oant 2011 lei Aldegea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.
Mienskip
bewurkje seksjeAldegea hat mei Idzegea en Sânfurd in feriening fan doarpsbelang. It yn 2021 renovearre multyfunksjonele sintrum It Joo is it doarpshûs foar de trije doarpen en De Nijsljochter is de doarpskrante. Yn 'e Aldegeaster Brekken is in natoerswimbad.
Tsjerke
bewurkje seksjeSkoalle
bewurkje seksjeFerienings
bewurkje seksje
|
De ynformaasje oer de ferienings is ôfkomstich fan 'e hiemside fan it doarpsbelang fan Aldegea; sjoch foar de meast aktuele gegevens op: www.oudega-swf.nl
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 245 | 680 | 670 | 593 | 544 | 702 | 690 | 712 | 737 |
Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2015 en 2020 Alle Cijfers
Berne
bewurkje seksje- Pieter van der Mark (1910-1977), AR-politikus
- Egnatius Ydema (1876-1937), keunstskilder
- Gerben Rypma (1878-1963), lânskipsskilder en dichter
- Arjen Harmens Witteveen (1894-1952), arsjitekt
- Jakob Wolthuizen (1929-2017), puzelmakker
- Jan Haagsma (1933), mikrobiolooch
- Marten Walinga (1967), earste wrâldkampioen Frysk damjen
- Johannes Rypma (1992), sjonger
Ryksmonuminten
bewurkje seksjeTsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Ankertsjerke (Aldegea).
Midden yn it doarp stiet de Ankertsjerke út 1755. Yn 'e toer hinget in klok út 1623. Yn 1961/1962 hat der aksje yn it doarp west foar de tsjerke, dy't ƒ 40.000 opbrocht.
Doris Mooltsje
bewurkje seksjeOan 'e noardkant fan 'e Aldegeaster Brekken stiet de poldermûne it Dorusmooltsje. It boeremûntsje waard ferneamd nei boer Doris Hoekstra. Fan de út 1790 datearjende mûne wie net folle mear oer, mar mei de restauraasje en rekonstruksje fan 1998 is de mûne wer yn eare hersteld. It is de grutste spinnekopmûne fan Nederlân.
Publikaasjes
bewurkje seksjeHarmen Akerboom "Puollen en Marren rûnom Aldegea".
Strjitten yn Aldegea
bewurkje seksje- Sjoch: Strjitten yn Aldegea
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|