Pieter van der Mark
Pieter van der Mark (Aldegea, 9 oktober 1910 - Snits, 2 septimber 1977[1]) wie in ûnderwizer en politikus fan de AR. Hie de portefúlje Underwiis, Kultuer en public relations. Hy wie troud mei Sietske de Wal.
Nei de kweekskoalle waard er ûnderwizer yn Bitgummole, fan 1945 - 1957 oan de rykslânbouwinterskoalle yn Snits en sûnt 1958 ynspekteur fan it lânbouûnderwiis. Wie, ûnder oare fia KFS (± 1930) en Ried fan de Fryske Beweging (± 1958) by de "Lauwerssé moat ticht"-aksje nau belutsen by de Fryske Beweging. Under syn lieding is in provinsjale taalpolityk fan de grûn komd.
Hy wie lid fan it kolleezje fan Deputearre Steaten (1962 - 1975), lid fan Provinsjale Steaten foar de ARP (1954-1975).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|