Haadmenu iepenje

Lippenwâlde is in buorskip dy't yn de himrik fan De Hommerts leit. Hy leit besuden De Hommerts yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

De namme komt foar as Lippenwoude, Hlottingen wolde en Lwttingen wald. It earste stik fan de namme ferwiist nei in famyljenamme Lottinga, letter Lippinga.

Yn Lippenwâlde stoarte op 5 maaie 1943, yn de Twadde Wrâldoarloch in Britske Stirling del. De bommesmiter wie troch in nachtjager delsketten. De acht bemanningsleden kamen allegear om en lizze begroeven op it Earehof Ypekolsgea yn Ypekolsgea.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karel F. Gildemacher), "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007, Lippenwoude
  • Skiednis fan de Jutryp-Hommerts en Lippenwâlde - Tresoar (1983) 249 siden