Piaam
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2020) | 45 | ||||
Webstee |
Piaam is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súd fan Makkum. It doarp hat likernôch 50 ynwenners (2004). Oant 2011 lei Piaam yn de eardere gemeente Wûnseradiel.



De himrik rikt mei de Polder Koaihuzen, neamd nei in buert fan buorkerijen en twa einekoaien, ta oan de yn 1876-1879 drûchmealde Feitemar en Parregeaster Mar yn it easten. Fan de al âlde einekoaien is bekend dat de dêr fongen wetterfûgels nei Hollân ferhannele waarden; no wurdt ien fan de koaien brûkt foar it ringjen fan wetterfûgels.
Tichtby de buorren binne noch in pear ekers te finen, mar fierder is der net folle oerbleaun fan de earder sa wichtige lânbou; it is allegear feehâlderij yn de omjouwing. Inkele flinke stjelppleatsen en in pear huzen markearje de yntree yn it lytse doarp en twa monumintale kop-rompbuorkerijen slute it doarp oan de eastkant wer ôf. In pastorije hat Piaam net hân om’t de tsjerklike gemeente kombinearre wie mei Skuzum en de pastorije yn dat doarp kaam.
Yn Piaam is it natoermuseum It Fûgelhûs fêstige en stiet de Nynke Pleats. It doarp is mei Allingawier en Eksmoarre ien fan de trije doarpen oan de kultuerhistoaryske Aldfaers Erf rûte. Yn it doarp stiet ek it natoermuseum 't Fûgelhûs. By graafwurk binne yn 1998 op in hiem 36 goudgûnen út de 15e iuw fûn. It bakstiennen tsjerkje fan Piaam komt út de 13e iuw. By de seedyk stiet in fûgelhutte yn de Jan Durkspolder.
Befolking Bewurkje
Tsjerke Bewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Piaam.
De tsjerke fan Piaam is in oanspronklik oan Nikolaas fan Myra wijd tsjerkegebou. It protestantske tsjerkegebou is in ryksmonumint.
Strjitten Bewurkje
Buorren, Koaireed.
Sjoch ek Bewurkje
Keppeling om utens Bewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Piaam fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |