Laaksum is in buorskip by Warns yn de gemeente Súdwest-Fryslân, yn it suden fan Fryslân. Laaksum leit yn Nijefurd, direkt oan de Iselmar. Somtiden wurdt Laaksum ek wol in 'doarp' neamd, benammen "It lytste fiskersdoarp fan Jeropa".

It haventsje fan Laaksum (2008)

Untwikkeling

bewurkje seksje

Yn 1325 hiet er Laxnum en yn 1487 wurdt er Laexum neamd. Yn 1345 komt de greve fan Hollan yn Laaksum oan lân om Fryslân oan te fallen. Yn 1718 wienen der acht huzen yn Laaxum. Yn 1851 wienen dat seis. Laaksum telde oan it begjin fan de tweintichste iuw sechtjin huzen en twa pleatsen. Der wennen mear as hûndert minsken. Neikommende famyljes wennen der doe: Visser (10), Vogelzang (2), de Vries (3), Heijes, Bakker en Boersma. Tsjintwurdich steane noch alve huzen en in pleats yn Laaksum.

Yn 1500 wie Laaksum al bekend troch de botfiskerij op it Frouwesân. Yn 1680 wurdt melding makke fan ielfiskers yn Laaksum. Fan de fiskerij is yn Laaksum nei it ôfsluten fan de Sudersee suver neat mear oer. Allinne it gebou dêr't earder de hjerring sâlte en rikke waard, de Hang neamd, is noch as boufal oanwêzich. Oant krekt nei de Twadde Wrâldkriich waard dêr alle dagen skrept om de moarns oanfierde hjerring jûns op 'e tiid op de trein yn Starum te krijen. De fisk waard as Lemster bokken meast ferkocht nei Dútslân.

 
It rekreaasjeterreintsje by it haventsje fan Laaksum (2008)

De Laaksumers hawwe net altyd hjerringfiskers west: om 1500 hinne stie Laaksum bekend fanwege de botfiskerij en yn de 17e iuw fanwege de ielfiskerij. Nei it oanlizzen fan de Ofslútdyk hawwe guon fiskers it noch in skoft besocht mei de ielfiskerij, mar dat wie gjin fetpot. Sa stadichoan binne se ien foar ien opholden.

It haventsje fan Laaksum spilet tsjintwurdich in beskieden rol yn it wettertoerisme, al hawwe de Laaksumers it leafst hurde wyn fan see: dan is der rêst yn it haventsje fan Laaksum.

Behalve oer it wetter is Laaksum oer 't Sou te berikken fan Warns út en oer de Laaksumerdyk en de Suderwei is der fia it Reaklif nei it noardwesten ferbining mei Skarl en Starum en nei it easten oer de Wieldyk mei Murns.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Súdwest-Fryslân  
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  ·   ·