Warkum
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Súdwest Fryslân | ||||
Ynwennertal (2021) | 4.475 | ||||
Webstee | Webstee Warkum |
Warkum (Workum) is in stêd yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De stêd, ien fan de Fryske alve stêden, wie oant 2011 haadplak fan de eardere gemeente Nijefurd, en oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Warkum in selsstannige gemeente.

Dizze side giet oer de stêd Warkum. Foar de eardere gemeente, sjoch: Warkum (gemeente).
SkiednisBewurkje
Archeologysk ûndersiik hat bewiis sjen litten fan de bewenning fan terpen yn Warkum fan ôf de tsiende iuw. [1]
De stêd is ûntstien oan de De Wimerts en oant yn de 19e iuw rikte de súdein oan de Sudersee ta, dêr't de Wimerts yn It Soal oergong, in soal tusken De Bank en it Warkumer Nijlân troch. Hoewol't Warkum net oan see lei, koe fia It Soal dochs de see berikt wurde. Yn it soal leit dan ek in slûs, in pear kilometer fan de seedyk ôf. By dy slûs stiet skipswerf De Hoop, dêr't al hûnderten jierren skippen boud en restaurearre wurde. Mar hjoeddedei lizze foar de kust de polders it Griene Strân en it Giele Strân, sadat Warkum no net mear oan see leit. De Wimerts is dimpt en it Soal is no in brede feart tusken Warkum en de Iselmar.
Op 13 april 1399 krige Warkum stedsrjochten fan Albrecht fan Beieren.
Ferskate soarten hannel en yndustry hawwe in rol spile yn 'e skiednis fan Warkum. Sa wienen der ielfiskers, dy't oant yn Londen ferkochten. Warkum hie ek weverijen dy't sa'n grutte omset hienen yn Fryslân dat yn 1504 de Warkumer Jellen de standert foar gâns Fryslân waard; ek wienen der yn Warkum in soad pottebakkers, dy't it bysûndere Warkumer Kerfsneedstienwurk ûntwikkele hawwe. En der wie en is, in soad skipsbou in Warkum.
Warkum wie ek it berteplak fan Jopie Huisman en yn de stêd is sûnt 1986 it Jopie Huisman Museum festige.
De havenregistraasjekoade fan Warkum wurdt foarme troch de letters WK.
EvenemintenBewurkje
Yn de hjerstfakânsje wurde jierliks de Fiskerijdagen Warkum, it Beurtfear en de Strontrace organisearre. Yn septimber is der Triatlon Warkum en de jierlikse Feekeuring, eventueel kombinearre mei in Gondelfeart op jûn.
It besjen wurdichBewurkje
- Krektas op mear plakken oan de eardere Sudersee hat ek Warkum in eigen soarte ierdewurk. It Warkumer ierdewurk is ienfâldich brún mei dekoraasjes yn ringelear-technyk.
- De wynmûnen De Nijlannermole, De Snip en Ybema's Mole.
Waachgebou mei deryn it Museum Warkums Erfskip
MienskipBewurkje
FerieningsBewurkje
- SVW - gymnastyk/jazzballet/folleybal
- Drumband
- Rekke - tennis
- Fuotbalferiening Warkum
- Kwintoruters
- Aldheidkundige Feriening Warkums Erfskip (beheart Museum Warkums Erfskip)
- Brassband Crescendo Workum
FestivalsBewurkje
- Brij Blues
- De Paupers - rockevenemint
- Septimberpop
- Shantyfestival
BefolkingBewurkje
Berne yn WarkumBewurkje
- Petreius Tiara (15 july 1514 - † 9 febrewaris 1586), arts
- Anske Hielke Kuipers, (11 july 1833 - † 25 july 1902), gesachfierder
- Tjipke Visser (12 desimber 1876 - † 22 jannewaris 1955), byldhouwer
- Jopie Huisman (18 oktober 1922 - † 29 septimber 2000), keunstskilder
- Leo Popma (17 febrewaris 1938), Frysk skriuwer
- Sipke Castelein (1941), roeier
- Kees Romkema (28 april 1951), keunstner
- Klaas Werumeus Buning (20 febrewaris 1955), byldzjend keunster
- Hoite Pruiksma (1958), komponist en dirigint
- Sybrand van Haersma Buma (30 july 1965), politikus
- Sytze Pruiksma (1972), komponist, muzikus en fûgelkenner
FerfierBewurkje
- Stasjon Warkum, oan it spoar Ljouwert-Starum.
- Busline 44: Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv.
- Slûs Warkum
StrjittenBewurkje
Alle strjitten yn Warkum.
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
- Webstee Warkum
- Pleatslik Belang Warkum
- Museum Warkums Erfskip: de skiednis fan Warkum
- Wikiwurdboek-side - Warkum
BoarnenBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum |