14e iuw
(Trochferwiisd fan Fjirtjinde iuw)
De 14e iuw of fjirtjinde iuw rûn fan 1 jannewaris 1301 oant 31 desimber 1400.
Jiertabel
bewurkje seksjeWichtige foarfallen yn de 14e iuw
bewurkje seksjeFryslân
bewurkje seksje- De bestjoersfoarmen dy't har ûntwikkelen yn it tiidrek fan Fryske Frijheid reitsje stadichoan yn ferfal.
- Yn East-Fryslân nimt de macht fan de haadlingen ta.
- Yn Grinslân en Westerlauwersk Fryslân ûntstiet de partijstriid tusken Skieringers en Fetkeapers.
Jeropa
bewurkje seksje- De Hûndertjierrige Oarloch (1337-1454) tusken Ingelân en Frankryk brekt út.
- Nei alle gedachten sjitte tusken 1347 en 1351 troch de Swarte Dea in treddepart fan alle Jeropeänen it libben derby yn. Dêrby giet it om tsientallen miljoenen minsken.
- Yn Ingelân fermingt it Normandysk-Frânsk fan 'e adel him mei it Angelsaksysk fan 'e legerein ta in nije folkstaal.
- Op 'e Balkan kringe de Osmaanske Turken op. De sultans Moerad I en Bajezid I feroveren efterinoar Bulgarije (1388–1393), Servje (1389) en Walachije (1395), besette Tessaloniki (1387) en Tessaalje (1393) en ferslane yn 1396 in Hongaars-Westerske striidmacht, dy't it Byzantynske Ryk te help komt, te Nikopolis.
- Slepende striid tusken Welfen en Gibelinen yn Beieren, Saksen en Noard-Itaalje.
- Italjaanske stêdsteaten as Florâns, Feneesje en Genua wurde skatryk troch harren handel mei it Fiere Easten fia de Siderûte.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|